
ik rûn har efterop, oare kant dyk
hja hie de paraplu op,
de beppe fan in pear wenten fierder
ik hie de paraplu ek op,
in stoarmmodel, blau,
mei sa’n koarte foarkant
it waaide amper
hja hie ien mei in skotse rút
by de hoeke rûnen we lykop
we moasten nei skoalle
om ‘e bern
hja om R, H, S en D
ik om A en T
it reinde pypstâlen
‘wat is ‘t hjoed wer wiet, net?’
‘it hâldt mar net op!’
‘juster wie it krekt sa moai’
‘dat waard ek wolris tiid,
en no ha wy dit wer’
‘nije wike wurdt it better’
‘o… sizze se dat?’
‘it is krekt maart, dat we ha noch even’
‘mar de dagen lingje al moai,
hoege se net mear by ‘t tsjuster nei skoalle’
‘ja, dat jout de boarger moed’
‘we sille sjen wat it wurdt,
nei it wykein…’
doe rekke ik har kwyt
yn de wietichheid
en de oare paraplu’s by it stek
Moaie parlando poëzie