
De kommende fiif jaar ynvestearje it Ryk en de provinsje Fryslân folop yn de Fryske taal. De ôfspraken binne fêstlein yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) dy’t moandei 8 april ûndertekene is troch minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en Kommissaris fan de Kening yn Fryslân Arno Brok. It Ryk stelt mei-inoar 18 miljoen euro beskikber om de ôfspraken út te fieren.
Yn dizze BFTK lizze Ryk en provinsje Fryslân fêst hoe’t sy yn de perioade 2024-2028 wurkje oan de beskerming en befoardering fan de Fryske taal en kultuer. Dêrby krijt ûnder oare it Fryske ûnderwiis in ympuls. Ek stelt it Ryk jild beskikber foar it oanstellen fan meartalichheidskoördinatoaren by Fryske gemeenten. Minister Hugo de Jonge: “Taal is oeral, alle dagen. En dan is it noflik as dat de taal is dy’t it tichtst by jin stiet, yn hokker regio men ek wennet. Want taal is net los te meitsjen ferbûn mei wa’t men is. Foar in protte Friezen is dat it Frysk. Dêrom is it wichtich dat we it gebrûk fan dy taal beskermje en fuortsterkje. Mei dizze nije Bestjoersôfspraak lizze we de latte dêr flink heger foar.”
Lês fierder by It Nijs