Jemke Visser

Oarloch

logo.ensafh

4 en 5 Maaie komme der wer oan. Akkrum, 1945, wie ik amperoan twa jier. Wat hingjen bleaun is fan dy lêste oarlochsdagen binne allinne wat dizige bylden en lûden. Pas jierren letter hearde ik wat dy ynholden. Miskien ha ik in diel dêrfan net iens bewust belibbe en binne it eigen fantasijen, ûntstien út de ferhalen.
Sa sit ik by mem op skoat op it kelderstrepke. In Dútske munysjetrein passeart Akkrum en wurdt ûnder allerheislikst gerattel fan mitrailleurs besketten út oergûlende Ingelske fleantugen wei.
Ik bin der wis fan dat it eigen waarnimmings binne, dy lûden binne my altyd bybleaun.
Ek dat ik jûns fan ’t bêd helle waard. Bûten raast immen mei rauwe úthalen en binne der wer lûde knallen. In hystearyske, dronken Dútske offisier yn it besef dat it ôfrûn is, sjit syn revolver leech op de fleantugen dy’t der al net mear binne.
Fan It Hearrenfean ôf rôlje Kanadeeske legertrucks De Kleef op. Ien stoppet foar ús hûs. De soldaten laitsje en swaaie. Eltsenien joecheit, swaait ek mei de earms en oeral hingje flaggen.
Myn âldste suster wurdt troch in soldaat yn ’e truck tild en kriget kaugom en sûkelade. Utdagjend lit se de kaugom, dy’t se mei in lange sliert út ’e mûle lûkt, oan my sjen. Ik wol ek, mar dat mei net fan mem. Gûle, mar dan smyt in soldaat my in stik sûkelade ta.
Skoanheit yn Grou siet yn it ferset. Syn skoanâlden hiene Joaden yn ’e hûs. Folle fertelden se der net oer. Yn de jierren ’60 sprutsen wy skande fan hoe’t de Amerikanen yn Vietnam húsholden. We rûnen mei yn demonstraasjes en rôpen ‘Johnson Molenaar!’
Skoanmem waard emosjoneel. De Amerikanen wiene ommers ús befrijers? We hiene mar ris meimeitsje moatten hoe’t se nachts yn noed siet as skoanheit op ’n paad wie. En dat se siedend wetter oer syn knibbels geat doe’t er in oprop krige om him by de Dútske kommandopost te melden.
De oarloch rekke foar ús al rillegau nei de eftergrûn. Eins gjin realiteit mear, ommers net echt sels meimakke. Yn dy earste jierren murken we lykwols dat it oantinken deroan noch wol tige libben wie en wiene we benammen op 4 maaie eltse kear wer ûnder de yndruk. Mei spannende boeken, films, ferhalen beseften we it grutte foarrjocht fan te libjen yn in frij lân mei freonlike minsken. Fansels net allegear, mar de measten wol. Tagelyk hiene we ek de ferskriklike, wrede ûnderdrukking fan de besetter meikrige, sa as ek de suver net te befetsjen opluchting en hoop doe’t it foarby wie.
Yn Portugal, Spanje en Griekenlân gie it mei Salazar, Franco en de Griekse Kolonels earst noch wat muoisumer mei frijheid, mar yn ’e rin fan ’e jierren ’70 kaam dêr lokkich in ein oan.
Letteroan bekearden hieltyd mear Eastbloklannen harren ta it Westen, de Berlynske muorre foel, sels Ruslân like ûnder Gorbatsjov te ûntteien. Jeltsin makke der lykwols in binde fan en waard, gauris oan ’e drank, útlake troch Clinton. Dat noaske in rankuneuze KGB’er allerminst … Wat bleau der sa oer fan syn mânske, heroyske Ruslân?
Guon warhollen fine dat hjir ek fan alles net doocht. Se sjogge dat befêstige yn de byfal dy’t se krije by it priizgjen fan Poetin as rêder fan tradisjoneel kristlik-blanke wearden. Sa hat Hitler, tichter by as mannichien tinkt, syn gelikense fûn, like wreed en misdiedich. ‘Prachtkerel …!’ fynt Baudet.
De hjoeddeiske premier fan Israël dêr’t de Joaden as gjin oare befolkingsgroep ûnderfûn hat wat genoside tewwi bringt, docht no suver itselde yn Gaza. Hoe komme sokken yn ’e goedichheid oan ’e macht?
Wy slute leger en NAVO wer yn ’e earmen, wylst we begjin jierren ’80 noch fjurrich demonstrearren tsjin de pleatsing fan NAVO-krúsraketten. Immen dy’t doe warskôge hie foar wat no yn Europa bart, wie sûnder mis foar gek fersliten …
Hast 80 jier lyn wie ik amper twa jier. Noch langer sil it duorje foar’t alle wûnen yn Oekraïne en Gaza foar it
grutste part hiele binne en alles yn ferhalen, films en toaniel in plak krige hat.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *