
Hoewol ‘t it bûten noch glûpende kâld oanfielde, bruts de maitiid hjir en dêr dochs troch. It beamkeguod waard, wat wifkjend, al grien. Wy rieden troch de lânsdouwen fan de noardlike provinsjes. En doe’t wy troch de kop fan Noard-Hollân tuften, stiene de hyasintfjilden dêr te pronkjen yn, nei myn idee nochal oerdwealske kleuren, pears, rôze, wyt, giel, blau en allerhande fariaasjes dêrfan. Betide fakânsjegongers, benammen ús easterbuorren mei waarme mûtsen op, stiene manmachtich mids de blomme-ekers om groepsfoto’s dan wol selfies te meitsjen. Dêr koene de bolleboeren mar wer wiis mei wêze. As der dan ek noch in mûne op ’e eftergrûn stiet te draaien, is it plaatsje kompleet. Dan boskje der samar in man of tritich, fjirtich byinoar dy’t mei harren smartphones of kamera’s en toeters fan linzen warber binne. In handige jonge mei in streetfoodtruck of in patattinte, soe yn’ e maitiidsmoannen samar de simmerfakânsje mei syn nearing fertsjinje kinne.
No ‘t we it dochs oer mûnen ha; falt it jo wolris op dat der, wêr’t jo ek mar binne yn ús lân, eins altyd wol in mûne yn it sicht stiet. Is it net in tradisjonele poldermûne mei houten wjukken, in boppekruier, in spinkop, of in Amerikaanske wynmotor, dan binne it wol dy moderne wite wynturbines dy’t oeral te pas of te ûnpas it lânskip al as net bedjerre. It is mar hoe’t je deryn steane. Dy tradisjonele mûnen binne kwealik yn bedriuw te sjen tsjintwurdich. Dat leit him langer net oan in tekoart oan mûnders dêr’t in skoftke werom sprake fan wie, mar it skynt dat de roeden fan ’e mûnen net sa bêst mear binne, it stiel fan ’e wjukken moat nochal wat ruskje. It soe te ûnfeilich wêze. De measte âlde mûnen ha dus ek al gjin houten roeden mear. Eins wat in apart ferhaal, it wol my net oan dat al dat stiel no ynienen oeral trochrotte is by alle mûnen tagelyk. Mar ja, ik bin gjin man fan stiel…
Dy moderne wynturbines sille sa gau net tenein wêze. Se binne makke fan tsjok stiel en de wjukken binne fersterke mei keunststof. Sokken moatte wat ha kinne. Dat sis ik no wol mar noch mar in jier of trije tebek kukele der krekt bûten Jorwert in turbine om fan it type Lagerwey, mei sa’n blauwe kop en twa wjukken. It ding sil krapoan fjirtich jier yn waar en wyn tsjinst dien ha en hie syn bêste tiid wol hân. Sa modern wie dy dus ek al net mear doe’t er de striid opjoech. Dat type mûne is njonkelytsen wol út it lânskip ferdwûn en gauris ferfongen troch fan dy aardige lytse wynmûntsjes op sa ‘n ljochtgriene peal mei in houten roer en houten wjukken. Se binne net heger as in fikse beam en ferskine sûnt in jiermannich rûnom yn Grinslân en Fryslân op it boerehiem. It binne de saneamde E. A. Z.-mûnen. Dizze Enschede Aan Zee-mûne, want dêr steane dy letters foar, is ûntwikkele troch fjouwer studinten masinebou fan ‘e Universiteit Twente mei materialen dy’t maklik wer te brûken binne. Dat is in hiel oar ferhaal as dat fan dy wite reuzen mei tiphichten fan 120 meter (op lân) oant 250 meter (op see). Foar de jieropbringst oan enerzjy fan ien sa’n seereus binne wol 400 fan dy E.A.Z.-mûnen nedich. Gjin partij dus.
Mar wat ik my no ôffreegje is wêrom’t der eins ferskil yn draairjochting is. Net in wrâldskokkend probleem, mar dochs wol nijsgjirrich. Dy nijmoadrige turbines draaie altyd mei de klok mei, rjochtsom, as jo der mei de wyn yn ’e rêch nei steane te sjen en de wjukken fan ’e tradisjonele, âlde wyn- en wettermûnen draaie krekt de oare kant om. Mar wêrom? Der is in teory dy’t ha wol dat it te krijen hat mei de rjochting dêr’t it hout fan in beamstam yn waakst, oan ús kant fan ’e ierde mei de sinne mei, rjochtsom. Der soene skuorren yn it hout ûntstean as de roeden de ‘ferkearde’ kant om draaie. Mar dan soest sa’n stam likegoed oarsom brûke kinne, dochs? Probleem oplost!
In oare teory seit dat omdat de measte minsken, en mûnders dus ek, rjochtshandich binne, it makliker wêze soe om de seilen dy’t wyn fange moatte, op ‘e wjukken fêst te setten as dy linksom draaie. Ek net echt oertsjûgjend wat my oanbelanget. Is de tradisjonele mûne faaks in Ingelske útfining, dêr dogge se wol mear oars; se ride ommers ek yn ’e tsjinstelde rjochting de rotonde om! Of soe it gewoan tafal wêze, hawwe de earste mûnebouwers eartiids mar foar de fûst wei wat dien? Om draaierich fan te wurden.