Martsje de Jong

Lubbert Jan de Vries presintearret ‘Liet fan mysels’

logo.ensafh

Yn de tsjerke fan Jellum, dy’t tsjintwurdich as teätertsjerke It Mammemahûs bekend stiet, presintearre Lubbert Jan (Bert) de Vries sneon 13 april syn Fryske oersetting fan ‘Song of mysels’, it grutste en bekendste wurk fan de Amerikaan Walt Whitman (1819 – 1892). In gedicht, sûnt 1862 besteande út net minder as 52 fersen, mei as neigesetsje ek noch de oersetting fan it folsleine foarwurd fan Whitman sels sa’t dy dat yn 1855 skreau yn de bondel ‘Leaves of grass’, dêr’t de earste ferzje fan ‘Song of myself’ yn stie. Doe noch mar tolve fersen lang, trouwens. Om dat foarwurd ek oer te setten, wie it idee fan útjouwer Piter Boersma. Bert hie dêr eins gjin nocht oan, mar Piter hold oan as storein en gelokkich mar, want no kinne wy ek yn it Frysk lêze, hoe’t Walt Whitman destiids mei dizze lape tekst – suver poëtysk proaza – himsels ferantwurde en promoate. In foarwurd – of in ferantwurding – troch de dichter sels, kom dêr no noch mar ris om. In soarte fan tarieding op wat je yn ’e neifolgjende siden lêze kinne, in drûchswimmen foar’t je yn it wetter springe en miskien wol fersûpe. Nei twa tellen klommerjend wer op ’e kant klimme en beslute it swimmen tenei te litten kin altyd noch.

Lubbert Jan de Vries

It foarwurd yn ‘Liet fan mysels’ is trouwens fan Ed Folsom, mjirkes professor fan de Universiteit fan Iowa, redakteur fan de Walt Whitman Quarterly Review en haad fan ien fan de trije Walt Whitman Archives. Hy wiist ús derop dat it troch Whitman suver útfûne Amerikaansk-Ingelsk ticht by it Frysk stiet: ‘De Fryske Whitman dy’t foar it ljocht komt yn De Vries syn ‘Liet fan mysels’ lit ús de taal hearre dêr’t Whitman syn Amerikaansk-Ingelsk de echo fan besocht te jaan.’

Yn it Mammemahûs waard út de bondel foardroegen troch Bert de Vries sels, mar ek troch ‘Paupers’ Alwin van der Toorn, Gabriëlle Terpstra, Christa Niclewitz en Joël Hut. Dizze fjouwer lieten ek noch eigen wurk hearre. Joël Hut krige dêrby alle oanwêzigen oan it razen fan ‘fers, fers’ elke kear as er in stilte falle liet yn syn út folsleine ûnsinwurden besteande fers dat op in grut skerm foar ús noazen projektearre stie, mar by elk roppen ‘fers’ wer fersprong en nije wurden joech dy’t Hut dan mar wer sjen moast út te sprekken. It naaide derút as âld fet. Edwin de Groot droech foar út eigen wurk en De Kopwolven, besteande út dichter Martin Knaapen en keunstner Marcel Herms, fersoargen in optreden dat de oanwêzigen fuort net wer ferjitte sille. Al mei al dus in bysûndere presintaasje, dêr’t it publyk traktearre waard op aardich mear as in plichtmjittich foardragen fan salonfähige teksten. Der wiene nammers ek gjin pommeranten, dat skeelde in slok op de royaal oanwêzige buorrel.
Mear fan soks.

1 reaksjes op “Lubbert Jan de Vries presintearret ‘Liet fan mysels’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *