
Seis Jentsje-boekjes ferskine op ’e nij yn in werprintinge fan 1000 stiks de titel. Al sûnt 1981 jout de Afûk de populêre rige mei Jentsje-boekjes út. Ferskynden der yn 1981 earst trije titels (Jentsje syn bear, Jentsje syn koekje, Jentsje syn auto), de searje waard stadichoan útwreide nei tsien titels. Dêrfan ferskine de seis dy’t ek yn 2007 en 2015 as kartonboekje útbrocht binne, no opnij yn in werprintinge fan 1000 eksimplaren per titel.
Lês en sjoch fierder by Henk van der Veer op Groot Sneek