Teleks: Gerard de Jong wint Rink van der Veldepriis

logo.ensafh

Gerard de Jong is dit jier de winner fan de Rink van der Veldepriis. Hy krijt de twajierlikse priis foar syn boek ‘Blau fan dagen, griis fan ônrust’. It boek is in romandebút, en tagelyk de earste roman yn de Biltske streektaal.
Yn in earste reaksje seit De Jong út de skroeven te wêzen. “Ik bin der hiel wiis mei, it is in hiele eare.”
It boek giet oer skilder Sierd, dy’t wrakselet mei fan alles: mei syn keunst, mei It Bilt, mei in trauma en mei de leafde. Hieltyd wer moat er kieze: gean ik links of gean ik rjochts. Mar it is dreech foar him om in kar te meitsjen; hy lit him liede troch wat foar him besletten wurdt.

Lês fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *