Aginda 24-05-2024: Bondelpresintaasje ‘Oantinken’ fan Pieteke de Boer

logo.ensafh

Freed 24 maaie presintearret Pieteke de Boer har earste bondel/skrift mei poëzij. Gongbere teksten oer fertriet, rou en treast. Neist poëzij is der ek muzyk te hearren. Fan 16.30 – 17.30 oere.

Dichter Pieteke de Boer wûn yn 2016 in Rely Jorritsmapriis en skriuwt foar grut en lyts. Se stiet ûnder oare mei ferskes foar bern yn It Grutte Foarlêsboek I en II. Ek hat se twa jier lang gedichtsjes skreaun foar it Instagramakkount Biebguppies.

Sjoch foar mear ynfo by Biblioteek Wommels

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *