
Sûnt desimber wenje ik wer yn Frjentsjer, in stêd dêr’t ik ea opgroeide ta betiisde.
In stêd dêr’t ik, doe’t ik jong wie, hiel graach wei woe.
Ik hie in grutte winsk om fuort te rinnen. Dit fuortrinnen wie foar my de ultime fantasij.
Ik soe dan nei it bûtenlân gean. Gjin idee wat ik dêr dwaan soe, want ik hie fierder net folle ambysjes, útsein fuortrinne. Dat wie dan ek it belangrykste.
Op in stuit hie ik fia it ynternet sels in pedofyl, dy’t sabeare yn Amearika wenne, safier krigen om my oerfleane te litten. Myn nicht mocht ek mei, dy woe nammentlik ek altyd fuortrinne.
Sy wie sels al in pear kear fuortrûn, út Ljouwert wei, mar se kaam nea fierder as stasjon Camminghabuorren. Dan waard se wer thúsbrocht en gie it libben gewoan fierder.
Dy pedofyl hiene wy fûn fia Chatpoint, in chatsite. Dat siet om 2004 hinne fol mei pedofilen.
Dy fan ús wenne yn Chicago en ik en myn nicht koene wol foar him wurkje. Dat like ús wol wat.
Mar doe’t ik seach hoe’t Chicago der útseach, like it my dochs net sá, dus ik sei alles mar wer gau ôf. Dy pedofyl wie fansels lilk, hy drige in stien by ús mem troch it rút te smiten, mar dêr waard ik net echt bang fan.
Ik soe it ek gjin probleem fine as er myn famylje wat oandwaan soe. Dat soe yn alle gefallen soargje foar feroaring.
Der feroare lykwols nea wat, oant ik ferhuze nei Ljouwert en einlings it benearjende Frjentsjer efter my liet.
Mar no bin ik dus werom, en it fielt oft ik de stêd weromferoverje op alle pine. Alles is no kalmer.
Ik hearde lêsten by myn favorite programma Binnenstebuiten in man oer planten praten hy sei:
Dizze planten groeie mei it kopke
nei ûnderen
omdat se oars
rein yn harren hert krije.
Dat fûn ik moai en symboalysk, rein yn dyn hert.
It is in fertrietlik gefoel,
Yn stee fan triennen op it gesicht
foarmet him in lytse see yn it hert.
De poëzy leit by de NPO.
Ik fiel my net skuldich dat ik no wer yn Frjentsjer wenje, eat dat ik wol tocht hie doe’t ik noch in coole Ljouwerter wie.
Weromgean nei dêr’tst opgroeid wiest, wie fansels ûntinkber en it toppunt fan boargerlikens en boargerlik wie it slimste datst wêze koest.
No is it saaie libben it bêste dat ik my foarstelle kin, saaie dagen folle mei LP’s, boeken en films, lizzend op it kleed en soms hawwe we seks en sjogge we sa dingen as Binnenstebuiten.
Dêr kinst pas poëzy oer skriuwe.
De rein is ûnderwilens út myn hert ferdwûn.
Ik bin thús bloei hjir foar de twadde kear
dit kear net twongen om mei de kop nei ûnderen te groeien
groei nei it ljocht ta myn kopke yn ‘e sinne
myn hert folle mei waarmte
moai op it poadium & moai op it skerm …
Moai ferhaal mei in lokkich ein
Prachtich Gabriëlle. Wolkom werom.