Anne Feddema

Mindfuck op myn atelier

logo.ensafh

‘Tafal bestiet net. In doar kin ta falle. Dat is gjin tafal, mar mear in bewuste ûnderfining fan ’e doar. Yn begjinsel bestiet der gjin tafal.’ Alsa skreau Kurt Schwitters yn 1919. Wat moat ik, wat moatte jimme tinke fan it no folgjende ferhaal? Hegere machten yn it spul dy’t alles neffens in foaropset plan bestjoere? Hoppetee, fuort mei de frije wil?
In pear wike ferlyn wie ik yn Kataloanje, noch foar it Sant Jordi feest fan 23 april. Yn it koart: jo jouwe immen in roas en krije in boek werom. De boarne is drakebloed en soks, sykje it mar op.
Op dy dei soe de dichter Syds Wiersma in jûn yn Kafee De Gouden Leeuw, Tresoar, hâlde oer Katalaanske dichters dêr’t in Fryske oersetting fan makke wie. Yn it plakje Pineda de Mar – mei it âldste spoar fan Spanje, nei Barcelona – dêr’t ik meastal tahâld, sit in Aldi en dêr hie ik krekt west en it reklamefolderke meinaam. Lit dêr no in pagina oer Sant Jordi yn stean. Ik makke der mei myn mobyl in foto fan en stjoerde dy nei Syds, want freon op facebook. Ik skreau der ek mar by dat ik tweintich jier lyn al fersen skreaun hie oer Sant Jordi en Barcelona. De reaksje kaam fuort. Eintsjebeslút: ik soe de fersen foarlêze om’t ik dan wer yn Ljouwert wêze soe.
Tiisdei de 23ste pakte ik de bondel Reidhintsje op’e Styx, dêr’t in hiel soad fersen ûnder de kop Spaanske sketsen yn opnommen binne. Ik woe dy jûn gjin tiid fergrieme mei it sykjen fan ’e gedichten, dus der moast efkes wat tusken sadat ik se gau fine koe. Ik seach noch efkes nei de fersen en lies oer Picasso en Els Quatre Gats, syn kafee yn Barcelona dat der noch hieltyd is en rûn nei in hoekje op myn atelier dêr’t allegearre kaartsjes en kartontsjes lizze; selsmakke boekelizzerkes, yn alle gefallen in ûnbidige steapel, sa as alle steapels op myn atelier. Ik pakte it boppeste kaartsje – en no efkes ferhalegaos – ik bin keunstnerlid fan Arti et Amicitiae yn Amsterdam en dat hat in fakânsjewente yn Drinte dat leden foar in net al te hege priis hiere kinne foar in skoftke. Dan kinne je moaie tochtsjes meitsje, lykas Vincent van Gogh folgje, mar ek nei it knipselmuseum, dêr’t mei de skjirre knipte papierkeunst te sjen is. Dêr hie ik west en ik hie in fisitekaartsje meinaam fan knipkeunstner … ik pak dat kaartsje, tekstgegevens earst, ik draai it om en … ik sjoch fjouwer katten. Foar wa’t it no net sa gau troch hat noch efkes it stik hjirfoar lêze. No, Kurt sis it mar, goai de doar oars mar ticht.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *