Aginda 06-06-2024: Ynspiraasjesesje: De Wylde Boerinne revisited – in âld ferhaal op ’e nij ferteld

logo.ensafh

Op 6 juny organisearret Lingotell in ynspiraasjesesje foar boppeboulearlingen fan it fuortset ûnderwiis, studinten, dosinten en oare belangstellenden. Dy middeis wurdt yn Tresoar it ferhaal de Wylde Boerinne op ‘e nij ferteld. Dat wurdt dien mei presintaasjes en workshops fan Froukje Sijtsma (Ferhalemakker), Annalies Outhuijse (Makker fan histoaryske escaperooms), Ypy Zysling (Regisseur) en Douwe Kootstra (Folksferhalekenner).

Wylde boerinne

It ferhaal fan ‘De wylde boerinne’ is no, in iuw sûnt de útjefte, noch hieltyd aktueel. Wa tinkt net gelyk oan De Rijdende Rechter by twa buorlju dy’t bakkelje oer in stik grûn? Mar yn Holtrops ferhaal rint de kwestje wol hiel heech op.

Sjoch foar mear ynformaasje en it programma by EBLT

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *