Gabriëlle Terpstra

Dichter Hindirk Hannema ferstoarn

logo.ensafh

Dichter, ‘zijne meerendeels meesterlijke majesteit’ Hindirk Hannema is ferline wike ferstoarn op syn 33e.
Ik learde Hindirk kennen by Ixta Noa, in ynrinhûs dêr’t wy beide kamen.
Hindirk wie in grappige ferskining dy’t faak op freed efkes delkaam, dan hie er in pear liter rauwe molke op ’e merk kocht by Leen út Jouswier.
Hindirk hâlde fan sporten, hy die yn dy tiid oan Gladiatortraining en karate by Robert Akse en dêrfoar moast er fansels goed om syn iten tinke. Dat iten wie ek in ynspiraasjeboarne foar syn poëzy. It makke him lilk dat der safolle net sûn iten wie.

Hindirk brocht my op in stuit yn ’e kunde mei poëzy. Hy skreau al in hiel skoft, mar yn 2019 die er audysje foar Poetry Circle, in talintûntwikkelingstrajekt foar jonge spoken wordkeunstners, en waard oannommen. Ik liet him de stikjes lêze dy’t ik sels skreau en hy stimulearre my om ek by de Circle te kommen.
Wy hiene les fan Joost van Kersbergen en sieten tegearre mei Marrit Jellema, Marijke Huisman en Ilse Vos yn ’e groep. Annemarie Lindeboom wie coach. Elkenien seach it talint yn Hindirk, dy’t him elke les mear ûntwikkele. Hy wie grappich, absurd en yndrukwekkend mei syn poëzy.
Us earste optreden wie yn Neushoorn yn it kafee, dêr’t Hindirk syn gedicht oer in kroket brocht; ien fan myn favorite gedichten dy’t’ er noch faak foardrage moast fan my.

Met lekker wijf in de taxi

Kroket in de Asbak
Het broodje verdwijnt in de achteruitkijkspiegel
De vrouw leeft niet meer
Jezus bestaat niet

Hindirk begûn him te spesjalisearjen yn haiku’s en neamde himsels Haiku Hindirk, wylst er it poadium opkaam yn karatepak. Yntusken begûn ek Pauper Poëzy te ûntstean, dêr’t faak middeis troch organisearre waarden yn kafee Luwt yn Ljouwert. Hindirk wie dêr in graach sjoene dichter.
By de alderearste Fryske Slam yn Tresoar brocht Hindirk in gedicht dat bestie út 25 haiku’s.
De opdracht wie om wat te skriuwen yn Waling Dykstra syn trant, oer folksheid.
Hindirk fielde him nei eigen sizzen it measte folksk as er op Cookies op syn kompjûter drukke mocht.

Cookies Okee Ja,
it is in privileezje
mar moai trochgean sa

Cookies okee ja
Tagong ta myn gegevens
Wat ik iten haw

C-c-cookies Ok
Op frijwillige basis
oft ik sketen ha

Cookies okee ja
wat wolst fan my witte dan
oft ik in wiif ha

Hy ûntwikkele syn poadiumact hieltyd fierder, sa kaam er no graach op yn legerklean, ynklusyf bivakmûtse. Hy mocht hiel graach slamme by Poetry Slams en wie der ek hiel goed yn.
Yn 2021 wûn er sels de Slam yn Ljouwert en mocht er nei it NK Poetry slam. Wat wiene we grutsk mei ús allen! Ik trof Hindirk faak ûnder de slams yn Ljouwert.

Optreden Hindirk yn Marktzicht

Hindirk sette it gearwurkjen mei Pauper Poezy troch en yn ’e Pauperbondel waarden trije gedichten fan him opnommen.

Syn earste eigen bondel Mijn Moeder is nog Maagd, wereldheerschappij komt er aan/ Myn mem is noch faam. Wrâldhearskippij komt deroan! waard presintearre op 29 april 2022 yn teäter De Bres yn Ljouwert, syn presintaasje waard oant yn ’e puntsjes op ’e minút sekuer regele, dat wie typysk Hindirk, dy koe neat oan it tafal oerlitte. Henk Dillerop fan De Bres krige alle dagen in stik as tsien appkes mei ynstruksjes. De bondelpresintaasje wie in sukses, der gong neat ferkeard. Myn mem is noch faam is in twatalige bondel dy’t giet oer froulju, macht en jild, benammen oer macht, Hindirk syn favorite ûnderwerp.

1 Skriuwe is suvere magy bedriuwe

Skriuwe is suvere magy bedriuwe.
Wat begûn as in ûnskuldich fan wjerskanten ûnkundich leafdesferhaal, is folslein út ’e hân rûn ta ferlieding op massale skaal.
Persepsje beynfloedzje fan propaganda-doelgroepen. It reitsjen fan de gefoelige snaar.
Wat minsken beweecht en wie, dat is sis mar, myn hardcore fantasy.

2 Myn mem is noch faam

Ik haw ien obsesje yn myn libben: Macht, froulju en jild.
In Hillige Trije-Ienheid om de leafde fan myn mem te garandearjen.
Myn mem is noch faam.
En sy hâldt fan ’e Hillige Geast. En dêr komt gjin hypokrisy by sjen.
Want myn mem wurdt net hindere troch hypokrisy.
 Ik wol wrâldhearskippij.
Om my te beskermjen tsjin ’e wredens fan myn mem.
Doe’t ik in soan wie, frege ik har: “Mem, mei ik seks haw foar it houlik?”
Dêr’t myn mem mei hillige oertsjûging op antwurde: “Absolút!”
“Net!”
Myn mem is noch faam.
Sels, wie se swier foar’t se troud wie.
Mar myn mem is net hypokryt. En: Myn mem is noch faam.
Julius Caesar sei: “De slimste fijân fynst dêr wêr’tst him it lêst ferwachtest.” Myn mem is dêr it libbene bewiis fan Julius Caesar hie gelyk.
Hoe wurdt letter earder? Hoe wurdt eartiids hjoeddeis? Hoe wurdt reynkarnaasje heuge?
Hoe wurdt histoarje bewust wêze?
De heit waans weitsjend each nea sliept.
De soan waans toer fan ljocht gjin trêden ken.
De Hillige Geast wa syn tsjûge in lange azem is.

De keizer is in minske, sizze se yn Rome.
Ik bin lykwols. Miskend. Mar, dizze belidenis betsjut neat.
Sels God kin dat yn als syn grime erkenne.
Myn troan is dêr, wêr’t in dichter oan it bewâld is.
It Romeinske Ryk is nea fallen. Lang libje de keizer.
Ik, soe myn mem mei nimmen ruilje wolle.

Hindirk promoate syn bondel goed, wie ferskate kearen te gast by Omrop Fryslân dêr’t er syn bizarre en grappige poadiumact graach hearre liet.

Filmkes Omrop:
https://youtu.be/iaqaB94aJeU?si=s7T__7jUWEwuglju
https://youtu.be/VwwsaDq0wx8?si=csotISru1-Jy6U0O

Ik gie mei Hindirk, Ivo Poelsma en Alwin van der Toorn nei Antwerpen, nei it poadium fan de Dinsdagclub van Don Vitalski. De Belgen stiene mei iepen mûle nei Hindirk te sjen ‘Friezen zijn net aliëns’ hearde ik immen entûsjast flústerjen.

Ek stie ik twa kear mei Hindirk op Ruigoord, ien kear yn 2022 yn de Salon en ien kear yn 2023 op it bûtenpoadium by de tsjerke. Syn act wie it twadde jier wylder en frjemder, hy die dat jier ek noch mei oan de Fryske Slam.
Om dy tiid hinne ferlear ik, en ik net allinnich, Hindirk út it each, hy luts him mear werom en naam in skoft. Dat wie oars neat raars. Hindirk naam wol faker in skoft, mar meastal kaam er der dan twa dagen letter op werom. ‘Ik haw foar ûnbeskate tiid in profesjonele pauze. Sadree’t ik wer wat literêrs te sizzen haw nim ik kontakt mei dy op ’

Ik sil myn freon en kollega Hindirk Hannema hiel bot misse. Hy wie in fleurige, sêftaardige en wize man dy’t sterke en pleage waard troch psygoazes, einleaze ynspiraasje fansels, mar ek in striid.
Ien fan syn winsken wie dat alle Hendriks tenei oansprutsen waarden mei Hindirk.
Dat ik dat doch bart my gauris as ik wer ris in Hendrik tref. Lit ik dat mar sa hâlde.

8 reaksjes op “Dichter Hindirk Hannema ferstoarn

  1. Moai ferhaal oer Hindirk. Hiel folle sterkte winske mei dyn en jimme ferlies.

  2. In fertrietlik mar skitterend Yn Memoriam, Gabrielle!

  3. Lieve Hindirk,
    Rust zacht, het was fijn je gekend te hebben en met je samen te werken! Wat hebben we mooie dingen gemaakt met pauper poëzie ❤

    Heel veel sterkte aan de familie en vrienden!

    Lieve groeten

  4. In de wachtkamer van de dood is je stoel een troon geworden. Ik groet Uwe keizerlijke grootheid en wens U een boeiende reis

  5. Vanavond (donderdag) 19:00 uur is er een samenkomst voor ieder die dat wil (namens Woorden op Woensdag).
    Locatie: De kleine Bagijn -Bagijnestraat 64

  6. In hiel soad sterkte, Gabriëlle. Wat in prachtich IM hast skreaun! Betanke.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *