Anne Feddema

Kassabontsjes

logo.ensafh

Lit ik it mar earlik sizze: ik ha wat mei kassabontsjes. Yn in tiid, lang lyn, doe’t der noch gjin reklameteksten op ’e efterkant fan ’e feltsjes stiene, koe de dichter op ‘en paad, yn it bûtenlân of wherever, dêr moaie ynfallen of, wis wier, hiele gedichten op kwyt. Ik ha sels in kear, ik wie doe – noch net hiel lang lyn – yn Bremen, in fers skreaun oer it skriuwen op lege efterkantkassabontsjes, nei’t ik ta myn ferbjustering, in bontsje krige, dat efterop romte hie om tekst kwyt te kinnen. Dat fers waard by eintsjebeslút pleatst en ik moat sizze: dêr kaam mear reaksje op as trochgeans op myn fersen (gjin). De tige ‘oprjochte’ Fryske taaltimpelhoeder A. de Vries, kaam – op syn bloch – de stoom út ’e earen en it leafst hie er sjoen dat hja my yn it iepenbier, foar myn minne fersen oer it generaal en foar dit fers yn it bysûnder, mei fjouwer grouwe hynders ris âlderwetsk fearne hiene.
Better sil it net mear wurde.
Ik hâld ék fan kassabontsjes om’t hja sa goed foar it ûnthâld binne.
Ik fûn in LIDL Amsterdam Baarsjesweg 306 – 309 bontsje fan 24.09.22 … myn jierdei. Ik wie by ús dochter, dy’t ‘anti kraak’ wenne yn in filla oan it Vondelpark, Koningslaan. It wie doe hiel min waar, it reinde as de see. Fan oare jierdeis, sûnder kassabontsjes , soe ik by god net mear witte hokker waar it dy dei wie. Ik sjoch dat ik ûnder oare Bio bulgur kocht haw en Uien geel, Pizzatomaten, Chili Cabernet Sauvig., Gorgonzola DOP … Appeltaart groot. Grut feest dus.
Och, ik bedoel mar te sizzen dat dit allegearre fansels mei tiidstream en fergonklikens te krijen hat. Appeltaart fuort … Chili Cabernet Sauvig. der efteroan en ik aanst, yn in lykklaad fan oanelkoar plakte kassabontsjes mei en sûnder fersen, sels faaks yn meardere stikken, rjochting in poarte. Hel of himel, wa sil it sizze?

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *