Kollum Arjan Hut: Simpel is it nije nochter

logo.ensafh

“Simpel is it nije nochter”, sei ik, tsjin de sjauffeur en der waard mei ynstimming op reagearre. Mar ik tocht daliks, it klink tûk, krekt as sa’n maklik tekstplaatsje dat lju diele op sosjale media – mar doocht it wol? It wie in tins dy’t by my opkaam nei it lêzen fan kommentaren ûnder in artikel op in lokale nijsside. De kommentaren fan accounts dy’t harsels as minsken mei helder of boereferstân presintearje, litte krekt de meast platte ûnderliifklisjees los. Dat sa, ‘simpel is it nije nochter’. Mar men wit nea oft it wol echte minsken binne, en net trollen of ‘bots’. Boppedat, ik ha der gjin stúdzje nei dien, dat de idee dat minsken hjoeddeis simpeler binne, of dommer, dat kin ik sa wol miene – mar myn tinken makket it gjin feit. Is it oant safier noch te folgjen?

Lês fierder by Goeie

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *