Anne Feddema

Skilderje mei de skjirre

logo.ensafh

Tink jimme ris yn: Hans Christian Andersen (1805 – 1875) op ien fan syn njoggenentweintich reizen (1831 – 1873) troch Europa, hossebosjend yn in krykkrakkerige koetswein. Hy hat in reissekje by him mei papier yn ferskate kleuren én in gouden skjirre, it is hast as binne wy sels bedarre yn in mearke fan’e ferneamde mearkesskriuwer. HCA fljocht, minne diken 19e iuw, in eintsje omheech fan syn sitplak. Krekt lang genôch om de skjirre, 24 sm lingte, tiid te jaan út it sekje te fallen en krekt ûnder syn kont te kommen en dêr efkes letter in tomme djip yn te ferdwinen. It bloed streamt him al gau by de skonken del. Dit alles haw ik net optocht hear, it binne de oantinkens fan HCA, dé mearkesoptinker himsels, delskreaun yn ien fan syn deiboeken. In kar hjirút ferskynde as in diel yn ’e rige Privédomein, ûnder de titel: Nooit rijk, nooit tevreden, nooit verliefd.

HCA knipkeunstner, yn in tiid dat der omraak knipt waard. Dat knippen stie oer it generaal op in heech peil. Sjoch bygelyks de knipsels fan Philipp Otto Runge (1777 – 1810), skilder út ’e Dútske Romantyk.
Yn desimber 2018 seach ik in tentoanstelling oer de knipsels fan HCA yn’e Bremer Kunsthalle. Ik wie mei in Paulusma Deitocht Krystmerktreiske … dan is it noch te dwaan, no?

Der binne hjoed-de-dei noch sa’n fjouwerhûndert knipsels oer fan rûchwei fyftjinhûndert. HCA knipte se al mearkes fertellendeweis op syn optredens troch Europa. Oan ’e ein fan it ferhaal wie it knipsel klear, dochs in soarte fan teäter.
Dat wiene ek gauris de ûnderwerpen fan ’e knipsels: clowns, dûnsers, akrobaten, mar ek de sinne, swannen, blommen en sa mear.

As it yn in museum hinget, is it keunst? Dat fûn HCA net. Hy hie it komselden oer syn knipselwurk. Nei alle wierskynlikens hie er sels net yn ’e gaten dat er syn tiid fierstente fier foarút wie: foar totaalkeunstners (útsein Wagner) wie noch net in soad plak ynromme.
In pear moannen foar syn dea makke Andy Warhol (1928 – 1987) noch in rige printen as earbetoan oan HCA en syn knipsels. Dy hongen ek yn Bremen; efkes op it hillige net sykje.

Dan is de fraach oft it keunst is ek fuort beantwurde: as ien wat makket dat in oar stipet en ynspirearret yn it deistich libben, dan is it keunst. Helder kritearium, ôhnyttan?

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *