
It is prima dat Maarten van Rossem fan it programma De Slimste Mens provosearje wol, mar hy moat him wol oan de feiten hâlde. Dat fynt foarsitter Sjirk Eildert Bruinsma fan De Fryske Beweging.
Bruinsma seit dat nei oanlieding fan de útspraken dy’t Van Rossem tiisdei yn it programma die oer it Frysk en de Friezen.
Van Rossem sei: “Ik vind het Friese nationalisme wel schromelijk overdreven. Ze doen ook net of er een soort samenhangende Friese taal is. Die is er helemaal niet.”
Der soene trije taalfarianten wêze, neffens Van Rossem. “Je hebt Stadsfries, dat is gewoon Nederlands met Friese woorden erin. En dan heb je nog twee Friese dialecten, die nogal wat van elkaar verschillen. Maar dat er dus een taal is en dat zij een soort van aparte natie vormen, dat vind ik eerlijk gezegd kinderachtige flauwekul.”
Lês fierder by Omrop Fryslân