
Dizze simmer publisearret de Leeuwarder Courant yn gearwurking mei ‘de Moanne’ in searje ferhalen fan sân begjinnende Fryske skriuwers oer it tema ‘spanning’. Talintfolle yllustratoaren meitsje by elts ferhaal in ôfbylding. Skriuwer Gabrielle Terpstra en yllustrator Berend Moed binne de fierde yn dizze rige.
In moeting om net te ferjitten
Hy kaam net op sokken myn libben binnen en súntsjes fuortgean die er alhielendal net. Ik seach him sitten yn De Os, de kofjeshop yn de Kuormakkersstrjitte, om ’e hoeke by de Foarstreek.
Ik kom net graach yn De Os, want der wurdt my te bot en te semy-yntellektueel praat. En ik praat hoe dan ek leaver net wannear’t ik stoned bin. Ik blow net safolle, mar as ik it wol doch dan dochs mar yn De Os, op de earste ferdjipping oan in tafeltsje by it rút. Diskear hie ik in skoft nedich by/ûnder myn skripsje-ûndersyk.
Hy siet oan de stamtafel. Drok maneuveljend, rûch yn ‘t burd, it lange ljochte hier wyld om ‘e holle. Ik hie gjin idee wêr’t er it oer hie. Ik besleat ek mar ris oan de stamtafel sitten te gean; om ‘kwasy’ de krante te lêzen. De fentilator blaasde lûd, it wie de langste en ek de hjitste dei fan it jier.
Ik sette my del foar de Ljouwerter Krante oer en stuts de yn ‘t foar draaide joint oan – sels koe ik dy dingen net draaie. Efkes krústen ús eagen; ik krige in lytse elektryske skok. Syn eagen wiene hiel skerp en ljochtblau, it gesicht skier en de wangen justjes ynfallen. Hy hie wat fampiereftichs oer him, sa mei dy ljochte hûd en de donkere kringen ûnder de eagen. Tige hot!
Lês en sjoch fierder by de Moanne