
Mei titel en ûnderwerp kin ús brein fuort al alle kanten op. It krijt net alle dagen dit Frysk ûnder eagen, ék it Nederlânsk: Kunstmatige Intelligentie nammers net … wat sjocht it brein wol gauris?
Jawis, it akronym ( wat ?) AI … Artificial Intelligence … lêze wy yn in Fryske tekst hieltyd KY, dan tinke guon lêzers út ’e Lânbou en Feeteelthoeke faaks dat de tekst oer Keunstmjittige Ynseminaasje giet … foar dy primêre driften is net in hiel soad yntelliginsje fereaske.
Mar hjir woe ik it hielendal net oer hawwe mei jimme. Wat betsjut KY foar de keunsten? … Ik hâld it dan foar ‘t gemak mar efkes by de hillige trije … net lilk wurde oer de folchoarder lêzers … set jim eigen brein mar yn ’e spegelmodus … Byldzjende Keunsten … Muzyk … Literatuer.
En ik hâld it dan yn myn stikje mar efkes oer in byldzjend ûnderdiel fan dy keunsten mar grif ek fan tapassing op de oare twa.
Op it stuit is der wat te dwaan oer it al of net mei tastimming bûken fan foto’s fan fotografen foar AI doelen … trening of soks … no, ja … Yn alle gefallen it werkennen fan patroanen, grûnfoarmen. Hjir komme we by de fraach: wat is orizjineel … mar noch mear … hoe orizjineel is de boarne sels?
We komme al gau telâne yn ’e wrâld fan ‘mise en abyme‘ en spegele Droste-effekten. Hjir yn it bysûnder de foto’s fan fotograaf Erwin Olaf (1959-2023) út de searje Frou yn giele jûpe. De bylden fan Olaf, wol te finen op it net, sjogge der al út as binne se makke troch de skilder Edward Hopper (1882-1967) … iensume minsken yn gebouwen of romten yn hurd of waarm ljocht … dat makket de KY der ek wer fan … in Hopperbyld. Ik freegje my ôf wat AI yn dizze spesifike byldzjende gefallen oars docht as de measte keunstners … it net mear neamen fan ’e boarne … al of net bekend … wy steane net mear op ’e skouders fan reuzen út it ferline … wat foarskiednis? en who the fuck cares? … By eintsjebeslút: wat kin de minske ek oars? In bytsje trochborduerje op oare ideeën en modellen? Ik soe it werklike, deistige libben mar ris in bytsje ynnovearje … mear kontakten mei nije minsken om petearjendewei ta heldere, orizjinele tinkbylden en stânpunten te kommen … it wiere libben gjin akronym.