Foldien fakânsjegefoel

logo.ensafh

Op 12 july 1997 om sawat healwei seizen docht in skriuwer yn de Super U yn it kustplakje Camaret-sur-Mer boadskippen. Wa’t dy skriuwer wie? Trinus Riemersma (1938-2011) út Fryslân. Hy wie op fakânsje yn Bretagne (Frankryk), mar wie dêr ek mei in nij boek oan it wurk.

Yn ’e regel wurde kassabontsjes gau fuortsmiten. By Riemersma wie dat oars, want hy koe al it papier goed brûke. Hoe lyts it briefke ek wie. Achterop dizze kassabon mei ûnder oare tsiis hat Riemersma wer in oar boadskiplistke skreaun; sa hie er twa baguettes, tomaten en moksels op skreaun. De bon is nei de fakânsje yn in boek treaun en kaam wer ris foar it ljocht doe’t de boekekast oprêden waard. No wurdt it bewarre by Tresoar en fertelt it ús mear oer hoe’t Riemersma as skriuwer te wurk gie.

Lês en sjoch fierder by Tresoar

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *