
Sa út en troch gean ik nei it bosk Turkije/Grikelân tusken Âldtserk en Oentsjerk, dat eartiids oanlein is troch de Van Sminia’s mei de opbringst fan Turkse steatsobligaasjes en benammen bedoeld wie foar hakhout. Myn pake dêr’t ik nei ferneamd bin, wie dêr as boskwachter yn tsjinst by de Van Sminia’,s dy’t residearren op bûtenpleats De Klinze.
Myn heit en syn twa bruorren as túnman wiene dêr ek wurksum. De bruorren binne altyd yn Trynwâlden wenjen bleaun, mei letter noch in grutte túnkerij efter Stania State.
Yn myn jongesjierren wie ’k der faak útfanhûs. Lâns de bekende paden hear ik yn gedachten dan wer de ferhalen oer adellike jachtpartijen en streupers. Dy makken dat se fuortkamen as myn pake, in foarse man mei burd en jachtgewear yn boskwachterstenu, en syn mânske hardershûn ûnferwachts foar harren stiene. As jongfeint hie er sels streuper west … Sokken waarden letter gauris boskwachter, om’t se as gjin oar de kneepkes fan it streupersfak koene.
In kear, al gâns jierren lyn, rûnen myn frou en ik dêr twa wat âldere mantsjes tsjin ’t liif, wat nijsgjirrich wa’t wy wiene. Doe’t ik myn namme en famylje neamde, wie it daliks klear. Nee wol, in pakesizzer fan Grutte Jemke? Skandalich dat sa’n beruchte streuper samar boskwachter waard, dat like nearne nei en suver noch altyd wat ferûngelike: ‘Jonge noch ta, wat fielde er him mei syn moaie boskwachterspak, syn gewear en dy grutte hardershûn …’ Wist ik dat wol? Seker, fan in foto dêr’t er sa yn fol ornaat op stiet, hast in staasjeprotret.
It oare mantsje wie lykwols mylder: ‘Wês earlik, Ale, we wiene as kweajonges skitende benaud foar him. Mar doe’t hy my in kear by de kladden hie, foel it ta, einliks wol in aardige man en hy die fansels gewoan syn wurk.’ Moai sa, myn pake wer yn eare hersteld!
Wylst ik dêroan werom tocht, klonk ynienen in woeste gjalp, geskel, as in soarte fan befel, dat koene je der net út op meitsje. It wie in in lang útrekt ‘kjirrrrr!’ mei rôljende rrrr … en ôfkomstich fan in rizige, al wat âldere man. Yn brún mansjester, knickerbocker, griene knibbelhoazzen en stevige kuierskuon die er wat tinken oan in sosjalistyske jeugdlieder út de eartiidse SDAP.
In Frysk blauwyt petsje mei pompeblêden op syn grize lokken foel dêrby wat út de toan en syn reade, rûne gesicht toande flink wat argewaasje.
Wat moast ik hjirfan tinke? Foaroerbûgd rûn er hin en wer lâns de boskrâne, hjir en dêr wat tûken fansiden bûgend, wylst er meardere kearen lûd kjirrrr, kjirrrr! rôp.
Lokkich, no rûn er wer even wat fierder troch. By in sydpaad lykwols wer itselde tafriel, dêr’t er ek noch by op ’e grûn stampte en ferwoest syn fûsten balle.
112 skilje? Nee, in bytsje oerdreaun, tocht my, mar hy wie behoarlik opfokt en yn dizze tiid …
Even wie er rêstich, mar in pear meter fierder gie it wer mis , kjirrrr, kjirrrr! Poerrazend bruts er in pear tûken fan in lege strúk.
Drugs? Sa like my syn hâlden en dragen net. In oerspand fûgeltsjeman? In toanielspiler dy’t syn rol oant repetearjen wie en tocht dat nimmen him seach?
As hie er spul mei syn frou? Dan wie freonlik begroetsjen, sûnder foaroardielen op syn plak.
Dochs in bytsje hoeden – je kinne nea witte, want hy swaaide ek noch mei ien as oare riem – rûn ik op him ta.
In pear, op harsels freonlike, blauwe eagen seagen my ûnder syn Fryske petsje wei lichtsjes sjenearre oan. ‘Jo sille wol tinke …’En noch in kear kypjend tusken de beammen: ‘Kom hjirrrr!’
Dêr fleach in fleurige stabij út de strûken. ‘Braaf hear … sit!’ En tsjin my, wylst er syn hymjende hûn – tonge út ’e bek en entûsjast kwispeljend – de riem om die: ‘Dat ferrekte Fryske eigensinnige, bytiden sa dôfhûdich as de pest, je krije der somtiden wat fan!’

Grutte Jemke as boskwachter
Moai Jemke!