Teleks: Dr. Obe Postmapriis 2024 foar Willem Schoorstra

logo.ensafh

De dr. Obe Postmapriis 2024 wurdt takend oan Willem Schoorstra foar syn boek De Poëtyske Edda. De priis wurdt 8 novimber útrikt troch deputearre Eke Folkerts en bestiet út 4.000 euro en in oarkonde.

De Edda is yn Yslân skreaun, yn de djippe midsiuwen, en befettet goade- en heldeferhalen yn dichtfoarm. Neffens de advyskommisje, besteande út Maaike Andringa, Marc van Oostendorp en Rein Smilde, hat Willem Schoorstra de Edda omset ‘yn in Frysk dat in goed midden hâldt tusken respekt foar de – somtiden tsjustere – oarspronklike tekst en it libbene karakter’. De poëtyske Edda is mei tal fan ferklearringen en in wiidweidige ynlieding neffens de advyskommisje net in tekst om lekker op it strân te lêzen, mar in boek dat om konsintraasje freget. ‘Foar sa’n lêzer biedt Schoorstra dan ek in lêsûnderfining dy’t tige de muoite wurdich is. […] Dat is in muontsewurk dat in hiel soad tiid, omtinken, leafde en talint easket. Schoorstra hat oan dizze taak op in bewûnderensweardige wize foldien.’

Sjoch foar fierdere ynformaasje by Tresoar

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *