Ate de Jong

Op ’e dea – op ’e PC

logo.ensafh

Gjin konfetty, dochs in reinbôge
It wie jierrenlang myn fak: de striid tsjin de diskriminaasje. En wolle jim wat fan my oannimme?
It falt nét ta. Fryske keatsers – jonges, mar ek folwoeksen mannen – meitsje har skuldich oan homohaat, rasisme en oare pesterijen. Op it fjild, yn ’t foarbygean, en letter yn en om de feesttinten as se wat moed ynsûpt hawwe.
Ferline jier hie ik hope dat der royaal trije reinbôgeflaggen op ’e PC hingje soenen. Mar dat wie te folle frege. Ek ien koe der net ôf. De PC-mannen sille wol tocht hawwe: ‘Dat hawwe wy ommers foarich jier al dien? Je moatte net oerdriuwe. En it falt wol wat ta mei dy diskriminaasje.’ Jim witte werklik net wêr’t jim it oer ha, tink ik. Dat hindert neat, mar jou dat dan earlik ta.
‘Praat ris mei Sipke Jan Bousema,’ sis ik tsjin de PC, ‘dat is in nochtere, kundige jonge, mei humor. Hy wit fan sport en diskriminaasje.’ Ik jou har syn telefoannûmer. Mar de hearen fan de PC helje de skouders op. Ik ha de hel yn, want sportiviteit, dat is harren terrein. Ik start op Facebook in aksje, hûnderten Friezen stekke de tomme op.
Mar der komt ek tsjinaksje. As der in reinbôgeflagge komt, driget de Brand – âld-PC-winner Johannes Brandsma – dy yn de fik te stekken. Nee, dat stiet net yn dat prachtige boek dat Edward Jorna oer him makke hat. Mar dêr stiet wol mear net yn. Keatssjoernalist Rynk Bosma – goeie freon fan de Brand – skriuwt dat ik de PC misbrûk foar myn eigen maatskiplike doelen. De Brand seit yn Hjoed bij Omrop Fryslân ûngefear it selde. Hy nimt dy wurden letter werom.
Ik sis tsjin de PC dat ik út betroubere boarne heard haw dat de reinbôgemienskip ûnder de finale út in fleachtúchje wei konfetty oer it Sjûkelân struie sil. Dat is net wier, mar ik helje alles út ’e kast. De PC lûkt him neat oan fan dat drigemint. Der komme gjin reibôgeflaggen. PC-foarsitter Hellinga betinkt noch in argumint: hy is net sa foar symboalpolityk. En dat foar de foarsitter fan de PC, de partij dy’t stiif stiet fan ’e symboalen.
Dus gjin reinbôgeflagge op ’e PC. Teminsten, oerdeis net. Mar jûns, nei in reinbui, ferskynt in prachtige reinbôge boppe de Foarstrjitte! It is my noait opfallen dat de Hear oan ’e kant fan ’e homo’s stiet, mar wol dus. Gerjochtichheid Ik kin wol janke.

Op ’e IC
Dat wie doe. Dit jier stiet myn PC yn in folslein oar teken. Ik haw kanker yn in kaak en op PC-dei kin ik operearre wurde. Moat ik operearje wurde. Ik baal ferskriklik, want ik wol Tjisse wer winnen sjen en dat er foar de tredde kear kening wurdt, want sa sil it komme. Mar de dokters sizze dat útstel net ferstannich is. Dan betink ik dat men seit dat op ’e PC-dei noch noait ien stoarn is. Dat is dan wer in foardiel. Ik wol Rynk foar wêze en belje him om him te fertellen oer myn ultime aksje om op de PC de oandacht nei my ta te lûken. Ik leau, Rynk snapt myn humor net. Yn elts gefal: hy laket net sa lûd.
As Ids Hellinga op ’e resepsje yn ’e Koornbeurs nei de mikrofoan rint, ride se my de operaasjekeamer yn. In sjirurch set in mes yn myn hals. En dan ferrint net alles neffens protokol. Ik krij in hertstilstân. Fiif minuten stean ik op ’e dea. Se reanimearje my en ik kom by op de IC. Ik ha der neat fan meikrigen. Mar fan oaren hear ik hoe strak en doeltreffend in operaasjeteam dan hannelet. Cool, krekt as Tjisse, op krúsjale mominten.
Letter lês ik op mijnMCL: ‘Begonnen werd met een tracheotomie waarna na het openen van de huid en de identificatie van de prelaryngeale musculatuur patiënt een asystolie ontwikkelde en gestart werd met reanimatie.’ Moai, dy hjoeddeiske transparânsje – dan snapt de pasjint it ek.
As ik wer by bin freegje ik fuortdaliks om in tv. Want: de PC! En: Tjisse! De ferpleechkundige, Elbrich, snapt it. Se rôlet in tv de keamer yn. Ik bin moai op ’e tiid, de earste bal moat noch opslein wurde, mar der is noch lang gjin byld. Ik jou my noch mar even del. As ik middeis op ’e hertbewekking wekker wurd, is wer it earste dêr’t ik om freegje: in tv. En ek hjirre snappe se dat folslein.

Eufoarysk, high
Ik sjoch álles. Ek dy senuwslopende partij fan Tjisse-en-dy tsjin Taeke. Ik sit om en om te joecheien en te flokken foar tv en negearje de hertslachmjitter achter my. Dokters komme by myn bêd, mar ik wimpelje harren ôf. Ik tink: by’t ûnfatsoenlike om’t ôf. ‘Reagearrest eufoarysk,’ sizze myn leafsten letter, se tinke dat ik troch de ferdôving noch wat high wie. Soe samar kinne, want op de PC binne we dochs allegear wat high?
Ik sit yn in folslein oare wrâld as de leafsten om myn bêd. Sy binne skrokken fan dy hertstilstân, ik besef amper wat der bard is en wol it der ek net oer hawwe.
Ik bin noch heal ferdôve en dochs is de PC foar my sá wichtich, sá allesbepalend. Hoe komt dat? Kom op hee, it is mar in spultsje. Is dit no wat Baukje Wytsma bedoelt mei har tekst op de PC-tuorren: ‘Hjir rekket de bal it hert?’ Ik leau it net: sûnt de ynfiering fan de nap, dat moardwapen, is keatsen in saai spultsje. ‘It is foar de helte kuierjen,’ sei Trinus Riemersma oait.
It is net de keatsbal dy’t myn hert rekket, it binne de keatsers. Oait Hotze, Pyt Jetze, de Van Wierens en Van Dijk. Dy mannen sitte yn myn hert. En no Tjisse, de sosjale Tjisse. Ik haw noait in keatser sjoen mei in gruttere gunfaktor as hy. Ik haw oer dy mannen skreaun, learde harren better kennen, waard fan en leaude dat dat holp. Sjoch mar nei hjoed.
Tsjisse, hoe’t hy dêr stiet. Tsientûzen pear eagen op him rjochte. Dy oertsjûging en rêst yn syn gesicht. Ek op matchpoints, mei de dea foar eagen. Haw ik Tjisse Steenstra oait sa folslein frij keatsen sjoen? Suver zen.
En dan dat gesicht fan Taeke Triemstra. Wat wie hy grouwélich tichtby al wer in rekôr, dat fan de measte PC-punten, fan Hotze. Mar tichtby telt net. O, o, o, wat baalde Taeke nei dy bloedspannende, slopende heale finale.
Mar wow, wat moast dat fierwei komme, Tjisse. Ûnder dy matchpoints stiest krekt as ik fiif minuten op ’e dea. Mar do skriuwst skiednis. Ik net.

Leafde foar myn liif
Ik krij in pacemaker. Dy wurdt de oare deis ynbrocht. ‘Je bent nu Ate 2.0,’ seit in dokter. Jawis, lit wy de dingen posityf labelje.
Dan mei ’k my even waskje. En dan haw ik in bysûndere ûnderfining. Ik haw net in hiel leafdefolle relaasje mei myn liif. Ik haw wol in aardige kop, moai bosk hier – fan ús mem – en de minsken sizze da’k in moaie stim haw, mar that’s it. De rest lit my wat ûnferskillich – ik bin der net grutsk op.
Ik waskje myn holle, myn earms. Dan sjoch ik myn boarst yn de spegel. Bloed. Blauwe, reade en pearse bloedútstoartings. Pleisters. Oeral fan dy plakkers mei triedden yn fleurige kleuren dy’t nei in kastje rinne dat ik om myn nekke draach en dat myn hertslach yn ’e gaten hâldt.
Al dy kniezingen… It liket wol in slachfjild. Oarloch, tink ik. Wat ha se mei myn liif dien? It begruttet my. Hiel foarsichtich gean ik mei in waskhantsje lâns alle plakken – haw ik mysels oait mei safolle soarch en oandacht wosken? It fielt as in begjin fan leafde. Foar myn liif.
Dan is dit toch in histoarysk momint. Dêr moat je dan 73 foar wurde. En dan kinne je Fryske âlders wol de skuld jaan, dy’t bern te min oanhelje en oankrûpe, en har gjin leafde foar harren liif bybringe, mar kom op De Jong, dêr binne kursussen foar – om dat te learen. Dêr hiest yn al dy jierren wol ris even hinne kinnen.

Cruyffiaanske logika
De PC hie dit jier álles. Oanstoarmjend talint: dy iene soan fan Simon Minnesma. Liuwemoed: syn broer. Foarich jier noch hiel slim siik en no fjochtet er him werom. Skitterjend keatsen: dy toverbal fan Gert Anne, krekt bûten, oars net te slaan. Ik moat tinke oan de tean fan Robben. Spanning en drama: in ôfgryslik spannende heale finale dy’t Taeke en dy likegoed winne kinnen hiene. In histoarysk hichtepunt: Tjisse trije kear op rige kening en no njonken Tunno. En dy pakt hy ek noch wol. Oait sei Tsjisse: ‘As je de finale trije kear ferlieze, dan kinne jo him dochs ek fjouwer kear winne.’ Doe moast ik dêr om gnize. No tink ik: Cruyffiaanske logika.

Wat ik altyd al sei
Noch ien ding. Ik ha gjin hast-dea-ûnderfiningen hân. Gjin tunnels, moai ljocht en nokturnes fan Chopin. Doe’t ik wer bykaam, wie dêr allinne de PC. It kloppet dus, wat ik altyd al sei. De himel? Dat is it Sjûkelân.

7 reaksjes op “Op ’e dea – op ’e PC

  1. Oangripend, earlik en moedich ferhaal, Ate! Ik winskje dy ta datst in hiel âld mantsje wurdst. En altyd sa striidber bliuwst! Groetnis!

  2. Wat in ferhaal Ate Wy fine it prachtich hoesto it skriuwst.
    Hiel folle sterkte en betterskip !

  3. Ferduld Ate jonge! Gjin weet fan wat dy oerkommen is.
    Net fan dyn operaasje, net fan dyn hertstilstân en net fan it skeel oer dy iene reinbôgeflage neist de Fryske flage op it Sjûkelân..
    De foalgoarder sil yn dyn tinken oarsom wêze moatte!
    Dizze kear mar net tinkt my !
    Bliid datsto der noch bist jong !

  4. Ik skrok wol fan dyn ferhaal, mar bin bliid datst der noch bist. Moai skreaun ek, benammen dat part oer de leafde foar jins liif, tige werkenber. Hooplik bist der gau wer hielendal boppe-op.

  5. Wij zijn er stil van wat een verhaal hier hebben wij bewondering voor ,we wensen je al het goede en dat je nog lang kunt genieten van het prachtige kaatspel .

  6. Wat in ferhaal Ate , bin der stil fan.
    Do bist goed sa asto bist.
    Ik winskje dij kreft ta en hald altiten moed. Jeltsje

  7. Krekt as oaren dy’t hjir reagearje wist ik neat fan dy kanker en dyn hertstilstân! Ik ha dy wol mist op de pc mar tocht dat dat oan mysels lei. Gewoan net goed opletten. Wat bin ik blijf datst dit prachtige stik skriuwe kinnen hast! Mei oare wurden: bliid datst der noch bist…

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *