
Op sneon 14 oktober 2023 wie Jarich Hoekstra yn de Boalserter tsjerke oan it wurd as foarsitter fan de Gysbert Japicxpriis. Jetske Bilker krige de priis foar har roman Sonde en spegel (2021). Jarich ljochte yn syn ferhaal ta hoe’t de sjuery ta syn oardiel kaam wie. Oan de ynhâld en de presintaasje fan it treflike ferhaal wie te sjen dat er in alsidich en bejeftige man wie. Nei syn stúdzje Noarsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins lei er him hielendal ta op de taalwittenskip. Syn motivaasje om talen te studearjen wie net, wat men fakentiids fan talestudinten heart, omdat er literatuer sa aardich fûn, mar krekt omdat er niget oan taal, oan taalsystemen hie. Hy ûntjoech him nei de stúdzje as taalwittenskipper, mar tagelyk wie er warber op it mêd fan de literatuer. Sa skreau er mei klassikus en gymnasiumdosint Harke Bremer (1955-2023) Fryske romans en leveren se tegearre in ferskaat oan oersettingen nei it Frysk ta. De Asteriks- en Bommeloersettingen binne dêr sprekkende foarbylden fan. Foar harren toanieloersettingen krigen se de Obe Postmapriis, dy’t se nammers net oannamen.
Lês fierder by Pieter Duijff op Frisistyk