Anne Feddema

Jammerder mei in missy

logo.ensafh

Ien fan ’e foardielen fan it hawwen en skriuwen fan in kollum is dat je sa no en dan ris kwyt kinne wat jo werklik yn ’e besnijing hat of hân hat, foar in koartere of langere perioade. Eamelje sûnder skamte en wêrom ek net? Faaks hat in oar der ek noch wat oan.
Dit giet oer myn byldzjend keunstnerskip. (It Narreskip fan Jheronimus Bosch … en mar fergees happe nei de koeke). Dit skip is al mear as fjirtich jier ûnderweis en in haven komt noch altyd net yn sicht. Wat dat oanbelanget hat myn keunstnerskip wol oerienkomsten mei it omdoarmjen fan de klassike held Odysseus, jim witte wol, dy fan: gjin Home Run foar Homerus.
Jûchhei! Nei in oantal jierren wie myn wurk wer ris yn it iepenbier te sjen en dan noch wol op dé keunstbeurs fan it noarden: Art Noord. Galeryen út ’e noardlike provinsjes en in pear út oare hoeken fan it lân presintearren wurk fan jonge, begjinnende keunstners en fan renommearre, âldere, en deade keunsthannelkollega’s.
Yn dy lêste kategory fal ik – by it skriuwen fan dizze kollum alteast – noch krekt net, mar dat kin meikoarten samar ris oars wêze.
Hoe dan ek, om in lang ferhaal noch mar wat langer te meitsjen, by eintsjebeslút neat ferkocht op dizze – museum Belvédère sitaat – ‘Bêst besochte Art Noord oant no ta (…) moaie ferkeapen (…)’, ensfh.
Tja, dêr sitte je dan wer. Keunstner, krekt 63 wurden, mei dochs wol in bytsje namme (tinkt … TOCHT er) nei fjirtich jier krewearjen.
Hawar, haadreden fan de non-ferkeap: it wurk wie wol in bytsje prizich. Waaaat? Te djoer?
Foarste plak: 90% fan it tentoanstelde wurk wie foar ûnder de fiifhûndert euro te krijen, twadde plak: it kin gewoanwei net goedkeaper as it fia keunsthannel ferkocht wurdt.
Foar wa ’t net wit hoe’t it wurket: oer it generaal giet fyftich prosint nei de bemiddeler. Fan in wurk fan €400 komt dus €200 nei dy. Mar net echt, dan moatte al je makke kosten der noch ôf en letter belesting. In soad ellinde om neat (ja hear … folje hjir Shakespeare mar yn, we bliuwe in literêr poadium, no?)
Dit wit ik fansels al in hiel moai skoft en dat wie ek de reden om net mear mei te dwaan oan en yn dit sirkus. It bêste is om gewoan je wurk fan je atelier te ferkeapjen, dan hawwe je mei gjinien (útsein de fiskus) te krijen. Mar ja, it kidelige ego en sa noch in oantal saken. Yn alle gefallen fûnen de minsken dy’t it wurk sjoen hawwe it prachtich en dat is my, wis wier sis ik jimme, ek wol wat wurdich, hear.
Ik lês nammers krekt dat in pear jeugdtekeningen fan prinses Beatrix op in feiling goed €3000,- opbrocht hawwe. Finansjeel hat sy dêr neat oan mar dat hoecht ek net. As ik no noch kening wurde soe foar in pear jier, dan kin ik moai sels al myn jeugdwurk fan fjirtich jier op ’e feiling goaie dan hâld ik der faaks noch in pear sinten oan oer. Mar dat soe dan net al te lang mear duorje moatte, want oars dan nimt in oar de hannel al wer oer. Hee … is dat Ithaka net?

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *