
Ik fiel my los en net bestjoerd troch mysels.
In skip dat lossmiten is.
Ik driuw los om yn mysels.
Lykwols bin ik net dêr’t ik bin.
Ik bin licht yn ’e holle.
Ik ha ek pineholle.
Ik fervje de keamer, ik doch de tún.
Mar ik bin net ferbûn.
In oar docht it.
Ik ha net it idee dat wat ek mar no in boei wêze kin.
Immen opsykje net.
In praatsje op ’e dyk net.
Mei myn frou op bêd gean net.
In ein fytse net.
It lân yn rinne net.
Nei muzyk harkje net.
Ik ha gjin hâld.
Myn lichem net.
Wy binne mei ússels oan.
Myn lichem is myn lot.
Ik bin it lot fan myn lichem.
No bin ik by wat yn it taoïsme allegear sein wurdt.
Hjir ha myn konstatearringen my brocht.
Dat moat dan op dit stuit myn boei wêze.
Ik wit it no wol, de boei dy’t ik loslitten hie.
Hoewol’t it ek hiel goed mei my giet, wit ik no wit ik wat der mis is,.
Ik brûk al wiken de bealch. Fiel my sûn en sterk.
Mar myn inerlik lichem kloppet op ’e doar.
Myn inerlik lichem dat him ferlitten fielt.
Wiken lyn ha ik twa boeken kocht.
Tao, de libbene religy fan Sina, it ferneamde boek fan de Nederlânske sinolooch en ek taoïstyske muonts en master Kristoffer Schipper.
De folsleine skriften – it grutte klassike boek fan it taoïsme fan Zhuang Zi, oerset en taljochte troch deselde Kistoffer Schipper.
Ik jou út beide boeken twa sitaten.
De twa sitaten út it earste boek komme út it haadstik ‘It inerlike lân’ en út it haadstik ‘Lao Zi, it lichem fan de tao’. It binne net de wurden fan Schipper sels (ik sil him pas sitearje as ik syn stúdzje hielendal yn myn inerlik lichem opnommen ha), mar sitaten fan him út âlde út âlde Taoïstyske boeken.
Sitaat ien: ‘It byld fan de legere kontrijen fan it lichem neffens de beskriuwing fan it boek fan it Midden komt oerien mei dat fan in op ’e rêch lizzend minske, in foar de meditaasje yn de âldheid gewoane hâlding. It heechtse punt fan it lichem, beskreaun as de top fan de Kunlun, is dan de nâle. It hiele lânskip fan it lichem is om dat sintrale punt hinne skikt (út: Laozi zhongjing (It boek fan it Sintrum fan Lao Zi)): “Yn de nâle leit it lot fan de minske en syn namme is Middentop, Grutte Ofgrûn, Kunlun, Iensume Pylder of de Fiif Festingen.”’
Sitaat twa: ‘Sawol yn de mystyk fan Zhuang Zi as yn de teology fan it âlde taoïsme is it kosmyske lichem fan Lao Zi de byltnis fan it hielal. Dy foarstelling berêst yn wurklikheid op tige âlde mytologyske eleminten, dêr’t ús lokkich inkele fragminten fan oerlevere binne (út: Xiao Dao Lun fan Chen Luan): “Lao Zi transformearre syn lichem. Syn linkereach waar de sinne, syn rjochtereach de moanne, syn holle de Kunlun-berch, syn burd de palneten en stjerrebylden…”’
No twa sitaten út de Skriften fan Zhuang Zi, dy’t goed 300 jier foar ús jiertelling, dus mear as 2300 jier lyn libbe.
Ien: ‘Wa kin fan it Neat syn holle meitsje, fan it Libben syn rêchbonke en fan de dea syn kont?’
Twa: ‘Nei in skoftke zei XU Wugui: ‘Ik sil jo ris sizze hoe’t ik hûnen beoardielje. Hûnen fan ynferieure kwaliteit hâlde op om wat te dwaan sagau’t se har folfretten ha. Dat binne hûnen dy’t allinne geskikt binne om ratten te fangen. De trochsnee hûn sit de hiele dei om him hinne te loeren oft er gjin proai sjocht. De allerbêste soarte binne de hûnen dy’t harsels hielendal ferjitte.’