Jemke Visser

Polarisaasje

logo.ensafh

Wy ha it der mar drok mei tsjintwurdich. Guon meitsje harren der sels skuldich oan en oars is it wol ûnderwerp fan diskusje yn kranten, as yn al mar mear praatprogamma’s, al hat opperflakkich, gychelich gejeuzel dêr gauris de oerhân.
Sels hie ik in ynstjoerd stikje yn ’e NRC nei oanlieding fan in ûndersyk troch sosjolooch Quita Muis.
Och, altyd wol wer in lyts sukseske as it pleatst wurdt, net dan! Mar dêrmei is de diskusje fansels noch lang net foarby. Ek yn mear kranten waard it ûndersyk neamd.
Der is neigien hoe’t it sit mei polarisaasje yn ferskate groepearrings, ûnder oare by saneamde heech – en leechoplaten, babyboomers en de nijere jongereingeneraasjes, ek hoe’t men oer elkoar tinkt.
Ik wit – blykber heechoplaat – net sa goed rie mei dat ûnderskied heech en leech, want faak seit it neat oangeande ynsjoch en kritysk fermogen.
Mar oan ’e oare kant, hoe wichtich is sa’n eksersysje net, want heden noch oan ta, it griist je oan wat der rûngiet oan suver net te befetsjen larykoek … Men ropt mar wat, wêrtroch’t de meast bizarre betinksels opdûke, dy’t ek noch foar wier fersliten wurde.
Immen dy’t kâns makket om Amerikaansk presidint te wurden seit dat ymmigranten yn Ohio hûnen en katten ite. Mar hjir by ús kinne se der ek wat fan, want wat as in syklik persoan, mei waantinkbylden mei in mes swaait as noch slimmer? Krekt, dat kin net oars as in net blanke bûtenlanner wêze, dikke kâns dat it in asylsiker is.
Twifels? Dan wurde je fia twitterberjochtsjes fan Wilders fuortendaliks út ’e dream holpen.
Mar … earlik is earlik, oarsom bart it ek. Je ha rillegau in oardiel klear. Sa lústerje ik amper mear nei Baudet, soms allinne mar om my te fernuverjen oer de yn myn eagen folsleine kolder dy’t er útkreammet.
Der is by my gjin inkelde noasje om him ek mar in bytsje serieus te nimmen. Itselde bekrûpt my geregeld as ik guon PVV-bewâldslju orearjen hear. En fierder?
Foarút, Caroline van der Plas hat dan wol de ‘Klare Taalprijs’ 2024 krige, mar dêr ha’k likegoed net sa’n hege pet fan op. Sa simpel as sy it foarkomme lit, lizze dingen faak net.
Ja, as je sa oer bepaalde politisy tinke … Gean ik dêrmei de boer op, dan draach ik sûnder mis by ta polarisaasje. Mar meastentiids bliuwt it beheind ta de minsken dêr’t ik ornaris mei omgean.
Lykwols lit ik yn myn wyklikse kollum yn ’e Harlinger Courant myn Harnser alter ego wol it ien en oar sizze yn blomryk stêdsfrysk. No en dan sprekt immen my dêrop oan. Mar ta aaklkhheden liedt dat noait, earder ta hilariteit en relativearring.
En sa kom ik by ien fan de útkomsten fan it earder neamde ûndersyk, nammentlik dat it mei polarisaasje yn it deistich libben nochal tafalt. Der is in bliuwend ferlet fan mienskipssin en fierwei de measten fiele harren dêrby ek it noflikst. Je sjogge bygelyks dat tal fan minsken hiel oars op asylsikers reagearje as dat Wilders c.s. ha wolle , as de hinnen derby om by protesten alle argewaasje sa folle mooglik oan te wakkerjen.
Sit net it grutste kwea yn it boppeheljen en oerdriuwen fan fielen, dat earder einliks amper sa belibbe waard? Litte minsken harren net al te maklik foar it karke spanne fan immen dy’t troch eigen ûnderfinings – sneu genôch – it sicht op de werklikheid wat kwytrekke is en dêrmei oerdreaun fiksearre is op ien dreech probleem? Fansels moat dat oanpakt wurde mei ferstannige maatregels. Mar oaren de skuld jaan heart dêr net ta en helpt al hielendal net.
Je sjogge it rûnom yn ’e wrâld dat immen mei in soad oertsjûgingskrêft út mooglik tsjustere tinkbylden, frustraasje, liifsbehâld en benammen de langst nei macht wei as ‘redder des vaderlands’ al mar mear folgers kriget. Slút je oan, oars giet it lân ûnûntkomber nei de ferdommenis. Oft it allegear wol wier is wat se sizze docht der net safolle mear ta.
Wol set it minsken tsjininoar op. En dan ha’k it noch net iens oer it gefaar fan de rop om in sterke lieder, dy’t eigenmachtich te wurk gean kin. Hoe wie it ek al wer yn ’e jierren tritich yn Europa? Dochs hooplik net fergetten?
Yn alle iepenheid mei-inoar omgean is gâns nofliker en yn wêzen it minskdom folle mear eigen.
Polarisaasje as in feitlik teoretysk fenomeen makket it libben der net oangenamer op. Wylst it eins net nedich is, om’t fierwei de measte minsken dat net wolle. Mar op syn slimst kin it wol ûntaardzje yn in nije wrâldkriich, benammen as beskate polityk lieders minsken witte op te hysjen. Folje mar yn …

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *