
Leaf datst nei myn wolwêzen fregest en oft wy, do en ik, noch wol fan deselde poëzy hâlde. Gjin noed. Ja, dit weblog lei in hoartsje stil, mar inkeld om’t ik it hiel drok hie op ’e saak. Dat is no dien, it wurk sit der op, ik bin mei pensjoen. En dan ‘ús poëzysmaak’, dyn wurden, wêrom soe dy deselde bliuwe moatte en net feroarje meie? Myn smaak is oars noch wakker gelyk, sit dêr mar net oer yn. Tajûn, ik haw even ompield mei de gedichten fan Erich Fried, mar mei de hân op myn hert: ik sil it noait wer dwaan. It wie in rite fan jeugdsentimint.
Lês fierder by Klaas van der Hoek