Giny Bastiaans

Titus Brandsma en it Frysk yn tsjerke

logo.ensafh

As bern hie ik nuvere keunsten. Op sneintemoarn gie ik mei heit en mem nei tsjerke yn Boalsert. Heit nei de manljuskant, mem mei my nei de frouljuskant. Dat wie doe noch wol normaal. Oars as oars wie dat ik altyd ûnder de preek nei it húske ta moast. Us mem sei moarns: ‘Hast wol nei it húske ta west, foar do witst wol?’ Dat koe mem wol wolle, dat ik dat dien hie, mar dan wie er noch net ryp fansels.

Mar ja, as de preek begûn, dan wie it safier, dan moast ik. Ik luts mem skruten oan de mouwe en dan wist se wol hoe let at it wie. Altyd biet se my dan ta: ‘Do hâldst it mar op hear, oant we thús binne.’ Of: ‘Smoarch fanke, wêrom hast dan ek thús net west!’ Hawar, it wie gewoan sa dat dy man op de preekstoel myn terms op gong brocht.

Aldergeloks wennen myn omke Reinder en tante Suze njonken de tsjerke. En dêr hiene se in prachtich húske. De foardoar wie altyd los. De hiele húshâlding siet ek yn tsjerke en ik koe yn alle rêst troch de lange gong, nei de grutte doar fan it húske ta rinne – yn myn eagen in grutte romte – en dêr mei ien stap omheech op it bankje koest op in grutte houten tichte bak sitten gean mei yn ’e midden in grut houten lid. Dy moast derôf en dan koest op it húske sitte. Wat siet dat noflik. En lekker waarm. En der leinen altyd moaie lêsboekjes!

As net alle nichten en neven nei tsjerke ta wiene, rattele al gau ien oan de húskedoar. En dan spatte ik derôf, gie de tsjerke wer yn en wachte efteryn oant de preek klear wie. Earder mocht ik net nei foaren ta fan ús mem. Oars steurde ik de pastoar. As it safier wie skeuvele ik de ûnbidich grutte tsjerke troch, wylst elk nei my seach, nei ús mem ta. ‘Wêrom sit ús mem ek altyd sa foar yn tsjerke?’ prottele ik dan yn mysels. Mem skodholle as ik der mei in swart gesicht oan bongeljen kaam.

Mar de preek wie dien. Moai sa! Ik hie doe it mier oan preken en benammen at se yn it Frysk wiene. Dat kaam doe inkeld ris foar, dat in pater in preek yn it Frysk die. ‘Wêrom âlet dy man sa, mem?’ frege ik dan. Ik bin oait fan benaudens ûnder de tsjerkebank dûkt, mei de hannen foar de earen. ‘Doch net sa nuver,’ sei ús mem en skuorde my derûnder wei. Fan skrik hoegde ik net nei it húske.

Hjoed-de-dei wurdt der noch net in hiel soad preke yn it Frysk. Fryske tsjerkelieten binne der oars by it soad. Dy wurde by de PKN gauris songen. En op Omrop Fryslân is fakernôch de tsjerketsjinst yn it Frysk. By de PKN wurdt ús taal dus behoarlik yn eare hâlden.

By de roomsken binne se wat dat oanbelanget wat suniger. Jawis, der wurdt wolris mei in liet yn de Misse ien kûplet yn it Frysk songen. En dan is der om de iene of oare reden ek altyd in kûplet yn it Ingelsk. Mar in Fryske preek, wol gauris te hearren yn de protestantske tsjerke, hearst mar hiel inkeld yn de katolike. Wêrom dat ferskil? Dêr sil in tal fan redenen foar wêze. Oare oanstjoering, soad Latyn, gjin Frysktalige foargongers. Sa spitich!

Hoe’t ik op dit ûnderwerp kom?

Troch Titus Brandsma, dy’t him 100 jier ferlyn o sa ynsette foar it Frysk. Ek wol yn it Frysk preke hat. Omdat, sa’t hy sei, ‘it Frysk de taal fan syn hert’ wie. En datst ast dyn memmetaal brûkst de minsken rjocht út it hert wei oansprekst.

Oars as eartiids fyn ik no de preek ien fan de wichtichste ûnderdielen fan in fiering. In goeie preek jout foar my nije moed en hope yn dizze ûnrêstige tiden. En giet dat yn it Frysk, dan giet dat somtiden noch krekt wat djipper.

Titus Brandsma fernuvere him yn syn tiid oer it feit dat hy as bern thús Frysk prate, mar dat de fiertaal op skoalle it Nederlânsk wie. Hy hat dêrom alle war dien dat der op skoalle Fryske les jûn waard. Hy hat ek mei pater Johannes (Desiderius)Rypma fan Blauhús foar folwoeksenen in Fryske kursus opset.

Ôfskriften fan de brieven fan Titus oer it Frysk op skoalle, û.o. oan ministers, lizze hjir op myn buro. Lyksa syn brieven oan ynstânsjes oer it brûken fan it Frysk, tal fan artikels fan syn hân yn it Frysk en oer it Frysk, mar ek de hjir earder neamde opset fan de Fryske kursus foar folwoeksenen. En net te ferjitten de teksten fan Brandsma’s taspraken, yn syn memmetaal. Mei de hân skreaun, mar ek wol op de typmasine. Sa’t ik der hjir earder alris oer skreaun ha, is it myn wurk om dy teksten út te typen op de kompjûter, somtiden te ûntsiferjen wat der stiet. Dêrnei wurde se nochris bestudearre yn Nijmegen en op ynternet set.

Wat witte wy der hjir yn Fryslân eins mar in bytsje fan, fan it krewearjen fan Titus foar it Frysk. Ja, op de universiteit yn Nijmegen binne se der alle dagen mei dwaande, mar bin ik mis as ik tink dat der nea in Fries op Titus Brandsma en syn krewearjen foar de Fryske taal promovearre is?

As it oars is, wol ik dat graach witte.

 

5 reaksjes op “Titus Brandsma en it Frysk yn tsjerke

  1. Nee dat tink ik ek net, wist ik trouwens net fan Titus dat hy o sa foar it Frysk wie..ik ha trouwens noch in relikwie, in stikje fan syn gewaed, krigen fan muoike Angenietsje die by de suster fan Titus wurke.Moai stukje Giny!

  2. Reiny, dat wist ik wer net dat tante Angenietsje by Gatske wurke hat! Wat bysûnder. Ik miende dat se altyd húshâldster west hat by in pastoar!. Moai om te witten. Tankewol!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *