
Tongersdeitejûn 10 oktober fûn yn Tresoar yn Ljouwert de presintaasje plak fan de nije Fryske roman fan Marga Claus. By dy gelegenheid mocht ik wat sizze oer it wurk fan dizze Fryske skriuwster en fansels oer har nije boek. Hjirûnder stiet myn ferhaal by dy gelegenheid.
Foar’t ik wat oer Libbe sizze sil, de nije roman fan Marga Claus dy’t fan ’e jûn presintearre wurdt, wol ik it efkes ha oer earder wurk fan har. Yn 2000 ferskynde de earste roman, Oxzana, ferhaal fan ín flechtling. De Oekraynske Oxzana trout mei de Afgaanske Ghalil en giet nei in pear jier mei man en bern nei Afganistan. Ghalil stjert dêr tidens de boargeroarloch, Oxzana flechtet mei har trije bern út Afganistan en komt telâne yn in asylsikerssintrum yn Fryslân.
Lês fierder by Anne Merkuur op Frisistyk