Piter Boersma

ivich betinken

logo.ensafh

 

 

 

as ik in grut hûs in filla in bûtenpleats
in kastiel in paleis sjoch of myn eigen hûs
in rjocht en sljocht hoekhûs fjouwer ûnder ien kap
tink ik altyd wêrom moat in mins grut wenje
wêrom sa’n soad romte as eigen ynnimme
net dat ik net genietsje fan dy bouwurken
en fan al it komfort dêr’t ik sels oer beskik
mar wat by myn wêzen heart is in lyts tintsje
yn myn hûs libje ik noflik en ûngemaklik
oan ien wei pleage troch dat dûbele gefoel
dêrom sloegen de folgjende rigels fan butcho
de japanske berchklûzener sa by my yn
sels in hut fan mar oardel fjouwerkante meter
bou ik tsjin ’t sin as it no ris net reine soe

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *