Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (10): Obe 2.0

logo.ensafh

 

 

De Gysbert Japicxseal fan Tresoar siet sawat fol op tongersdei 17-10-2024: hast allegear grize koppen, dêrûnder dy fan mysels. It publyk wie yn ôfwachting fan Goffe Jensma syn lunchlêzing oer ‘De Obe fan no’.

De oankundiging op de site fan Tresoar begûn sa:

De wichtichste moderne dichter fan Fryslân, Obe Postma (1867-1963), hat lang libbe. Foar in part wie er in 19de-iuwer, foar in oar part hearde er ta de 20ste iuw. Mar hoe soe de Obe Postma fan ús tiid derút sjoen hawwe? Hoe soe er him ferhâlde ta de einleas groeiende meartaligens fan de 21ste iuw? En de komst fan de digitalisearring en fan sosjale media, dy’t oer hieltyd gruttere ôfstannen minsken mei-inoar ferbine wolle? Soe in oeuvre as dat fan him yn ús tiid en yn ús wrâld noch kâns fan slagjen hawwe?

No, dat like my wol nijsgjirrich! Ik wist nammers eins net wat ik ferwachtsje koe, mei sa’n yntroduksje. It aparte wie lykwols dat dizze oankundiging frijwat ferrifeljend wie, ommers allinnich it lêste stikje fan de lêzing gong oer ‘De Obe fan no’. De foardracht begûn mei biografyske feiten oer Obe Postma, dêr sieten gjin nije feiten by wat my oanbelanget.

Jensma is blykber ek in leafhawwer fan de filosoof Bakhtin. Ik mei dêr net oer, dat stikken analysearjen fan literêre teksten. Sa wurdt literêre keunst behannele as wie it in wiskundich probleem. Yrrasjonalisme spilet ek in grutte rol yn it ûntstean fan keunst. Mar dêr hâlde sokke ‘wittenskippers’ as Bakhtin gjin rekkening mei. Ynflústeringen fan de goaden gnize se om!

Lang om let kamen wy by it lêste part fan de lêzing. Mar dat foel ek wat ôf. Jensma stelde de fraach oft Obe faaks ek in klimaatdichter west hie. Ommers, dat is hiel goed foar it klimaat, in dichter dy’t skriuwt oer it klimaat.

De lêzing einige mei in lûdsfragmint, in foardracht fan Postma, mei in frijwat slop stikje synthesizermuzyk as begelieding. Dat moast dan Obe Postma 2.0 foarstelle, de Obe fan no, nim ik oan. Mar hie der dan in fette beat ûnder setten! Jensma hat faaks benaud west dat oars de kjelle âlderein de seal dan manmachtich útflechtsje soene…

It hear oersjend moat ik ta de konklúzje komme dat dizze lunchlêzing in bytsje gemaksuchtich wie.

It kin ek wêze dat myn ferwachtingen wat te heech wiene…

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *