
Ein oktober wurdt tradisjoneel de Quote 500 bekendmakke, de jierlikse list fan de 500 rykste skevels fan Nederlân. Wa tommele derút, wa kaam der nij yn, wa klom heger en wa hie yn 2023 eins de measte sinten fan allegear? In list dy’t my altyd nijsgjirrich makket, mar de teannen ek krom yn ’e skuon set. Want, wat moat in minske yn ’e goedichheid mei sa’n soad jild?
De konklúzje fan de nije list wie tryst. Ek al wie 2023 ekonomysk sjoen in net al te bêst jier foar de measte Nederlanners – de ynflaasje wie heech, de enerzjy net te beteljen en de boadskippen suver ek net – de fermogens fan de alderryksten brutsen wer alle rekôrs. It totale fermogen fan de 500 Quotelisters gie ferline jier mei mear as 12 miljard omheech (in stiging fan 5% neffens it jier derfoar) en dat wie mear as de ynflaasje (4,1%) en de ekonomyske groei (mar 0,2% trouwens) byinoar.
Even foar jim byld: der wurdt rûsd dat it besit fan de 500 Dagobert Ducks mei-inoar sawat 253 miljard euro berint. Dat is likefolle as alle 5,5 miljoen ynwenners fan Slowakije byinoar. De boppeste 52 fan dy top 500 binne miljardêr, de earmste sloeber fan it stel hat altyd noch in sloardige €130 miljoen ta syn as har foldwaan.
It giet dus mar poerbêst mei ús smoarriken, ek al kleie se wakker. Want se binne och sa bang dat Nederlân ‘linkser’ wurde sil en it ûndernimmersklimaat noch folle minder as dat it neffens harren al is. Dat se skylk mear belesting betelje moatte oer harren ynkommen en ek nochris oer harren dierbere miljoentsjes. Of miljardsjes. Dat der praat wurde sil oer in fermogenslimyt. Al wit ik persoanlik net hoe’t soks regele wurde sil, want elk mei in pear sinten op ’e melis hat al gau de geitepaadsjes fûn dy’t jo foarby de rekkenmasines fan it belestingkantoar liede, dat dy 500 ha grif in foefje om dêr ûnderút.
Ik frege it niis al, wat moat in minske mei safolle jild? De wrâld ferniele? Dêr hat it alles fan, want de wrâld ferbetterje is der yn elk gefal net by. Polityk en media prate al in pear jier wakker oer CO2-útstjit en de byhearrende gefolgen foar it klimaat. Wy moatte ús libbensstyl oanpasse om de generaasjes nei ús noch wat in knappe wrâld nei te litten. En wat sketst no myn ferwûndering: wrâldwiid gean de alderryksten gemiddeld trije kear wyks mei harren privee-jet út te fleanen. Om harren fermogen in opkikkerke te jaan meie se graach ynvestearje yn yndustry. Fersmoargjende yndustry wolteferstean. Der is berekkene troch Oxfam Novib (en dat sil grif wat bykleure wêze, mar lykwols gjin kilometers njonken de wierheid wêze, liket my), dat de 50 rykste minsken op ierde per persoan yn oardel oere tiid mear CO2 útstjitte as ‘gewoane’ minsken (do en ik dus) yn 80 jier.
Even werom nei de eigen kontreien: de rykste 1% fan Nederlân (goed foar 25% fan it totale nasjonale priveefermogen) pompt njoggen kear safolle CO2 de loft yn as de earmste 50% mei har allen.
Ik lies dit wylst ik justjes earder bliid konstatearre hie dat it aardich waarm is bûten en de kachel dus noch net oan hoecht, sadat ik it gasferbrûk en dêrmei de gasrekken foarearst wat yn betwang hâlde kin. Ik krige spontaan nocht om hiel lang en hiel waarm te dûsen en my dêrnei tegoed te dwaan oan in fijn stik byf. Net dien.
De ûngelikens yn ús lân is grut, oer de hiele wrâld sjoen is it hielendal om te janken. As wy no wier sa begien binne mei it klimaat, lit dy rike lju dan harren libbensstyl mar ris oanpasse. Dat skeelt in ûnfoarstelbere hoeke yn útstjit en it jild dat se harsels dêrmei besparje kinne se dan moai brûke om de libbensomstannichheden fan de earmste minsken te ferbetterjen. It soe de wrâld grif wat moaier meitsje. Mar ik sjoch it net barren, want rike lju ha noait genôch. Fandêr dit fers:
Tink om dyn sinten
tink om dyn sinten
tink om dyn sinten, sis ik dy
bist dyn sinten samar kwyt
it is gjin keunst om se út te jaan
jild is fan libbensbelang
foar jild wol sels de duvel wol dûnsje
dus libje ik sunich en tsjinje de mammon
dat begûn al doe’t ik myn earste bûsjild krige
sparjen waard in hobby foar it libben
hoe swierder de sparpot hoe better
tink om dyn sinten
jild lit de wrâld draaie
jild docht alle doarren iepen
it makket dy belangryk yn de eagen fan it folk
dyn miening telt krekt wat mear as dy fan in oar
sitst foaroan as der wat te fieren falt
mei sinten kinst in hûs betelje
in gruttere auto as de buorlju
in djoere reis
yn gefal fan need is sels leafde te keap
jild jout macht en makket gelokkich
soargje dus datst genôch hast
yn dyn beurs
yn dyn bûse
op dyn bankrekken
en ast in moai bedrach byinoar hast keapest oandielen
of sparrest fierder yn Spanje
foardatst der belesting oer betelje moatst
frege wurdst om de fuotbalklup te sponsorjen
freonen fan dy liene wolle
of dyn bern it oer de balke smite
in skoftsje lyn wie ik yn ’e stêd
ik rûn troch de winkelstrjitte
en ynienen siet dêr tsjin in gevel
in bidler
sa’n skoaier dy’t de hân ophâldt nei elk dy’t foarbyrint
‘tink om de earmen, de hear is mei jo’
stie der op it buordsje foar him
in inkeling joech him wat lytsjild
mar ik rûn him straal foarby
wat mient sa’n fint wol net
hy hie net iens in gitaar by him of sa
lit him wurkje foar syn jild
stel dy ris foar dat rûnom sokke buordsjes stiene
tink om dyn neisten
tink om de bisten
of om myn part
tink om it klimaat
tink om de oarlochsslachtoffers
tink om dat ûnfoarstelber grutte gelok datst
yn dyn eigen taal sizze en skriuwe kinst watst wolst
nee toch
Frij nei Dan Turèll: ‘Pas på pengene’ (Udvalgte digte 1973 – 1993, Borgen 2004)
Ja, en fijn dat we no in nije wrâldlieder hawwe dy ‘t mei help fan God sa in ljochtsjend foarbield wurden is en dat Wilders net neilit dat ek hjir rûnom út te bazúnjen…
“Ach waren alle menschen wijs en wilden daarbij wel, de aerd waer haer een Paradijs! Nu isse meest een hel!” dichtte sa rûn 1600 ús provinsjegenoat (Dokkum)
dominy en dichter Dirk R. Camphuysen al …