De psalmen fan Eppie Dam: alsidige skriuwer sjocht werom op syn libben

logo.ensafh

Eppie Dam bringt mei ‘Pompster Psalmen’ syn autobiografy yn dichtfoarm út. De Fryske skriuwer, bekend om syn alsidichheid en fakmanskip, sjocht werom op syn libben. Net omdat er ôfskied nimt, mar omdat in slimme sykte syn takomst ûnwis makket.
Syn earste eksimplaar fan de bondel joech er oan Lisa Kuitert, dochter fan teolooch Harry Kuitert, dy’t yn 2017 ferstoar. Hy wie foar in soad minsken in paadwizer nei in minder dogmatyske tsjerke.
Kuitert wenne yn Kollum, net fier fan Dam syn jeugd yn De Pomp en Kollumer Aldsyl. De teolooch ynspirearre Dam troch mear lichtheid te bringen yn de kristlike tinkbylden dy’t Dam sa swier fûn.

Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *