
Ferline wike wie it Boekefeest, de start fan de Fryske Boekewike, yn de Kanselarij yn Ljouwert. It wie foar it earst dat ik nei in boekefeest gie, en ik hie al fan kollega-skriuwers heard dat it de muoite wurdich wie.
Arjan Hut hie my ferteld dat de muzyk lûd stean soe en dat der dûnse wurde soe. In kâns om te dûnsjen lit ik fansels net lizze. Ik moast ek tinke oan it Nederlânske Boekebal; ik stelde my foar hoe’t alle Fryske skriuwers mei-inoar dronken wurde soene en dat der ûnder it mei in dûbele tonge praten nije freonskippen en gearwurkingen ûntstean soene.
Lês fierder by Goeie