Henk Nijp

Dingen dy’t bybliuwe

logo.ensafh

De wat âldere lêzers ûnder ús witte grif noch wol hoe kâld it wie op 18 jannewaris 1963, de dei dat de tolfde Alvestedetocht ferriden waard. It heucht my noch goed. Benammen de pine. Ik wie moarns betiid, noch yn it roettsjuster, mei ús heit by de start by de brêge oer it Van Harinxmakanaal, by Goutum. De wedstriidriders moasten út in garaazje wei drave en dan by it iis opbine. Ik ha gjin rider sjoen want der stie in ûnbidige kloft taskôgers foar ús te klomjen en ik wie noch mar in jonkje fan krapoan acht jier, safolle lingte hie ik doe noch net. Mar de kjeld krûpt my wer by de rêchbonke op as ik dêr oan weromtink. Om’t it sa kâld wie, stie elkenien te hippen en te hânbûtsen om noch in bytsje waarm te bliuwen. In grutkeardel foar ús dûnse doe sa hurd op myn kâlde teannen om, dat ik jankte deroer. Triennen binne by dy kjeld útsoarte net hiel handich, dat wie dus gau oer. Letter op ‘e dei wûn Paping de barre tocht, mar de oankomst ha ik moai yn swartwyt op de TV sjoen. Lekker noflik by de koalekachel, mei ‘nootjes 4’. De teannen wiene doe al wer wat bekommen.
My heucht ek de dei dat John F. Kennedy yn Dallas delsketten waard noch goed. It wie de 22e novimber fan datselde jier 1963, de dei foar ús mem har jierdei. Ik sjoch noch de ferbjustering op har gesicht. Se sette de telefyzje oan en siet hiel stil te sjen. Wat dy moard betsjutte foar de wrâld koe ik fansels net befetsje, mar dat der wat slims bard wie fielde ik hiel goed oan.
Docht de datum 9 novimber 1989 by jo faaks ek noch in ljocht opgean? Op de kop ôf 35 jier lyn. Jawis, de jûns gongen de grinzen tusken East- en West-Dútslân iepen en waard der begûn mei it delheljen fan it Izeren Gerdyn. De grinswachters wiene noch net iens op ‘e hichte brocht fan de feroaring, mar de lju oan de eastkant lutsen al manmachtich op nei de grinsoergongen. Der kaam doe nei 28 jier in ein oan dy wrede skieding. Yn it museum by Checkpoint Charlie yn Berlyn ha wy earder, yn de iere jierren tachtich, de benearjende bylden sjoen en yslike ferhalen lêzen oer hoe’t minsken besochten nei it westen te ûntkommen. Dat wie dus noch yn de tiid dat dy muorre der noch stie. We koene doe ek op hege platfoarmen oer de muorre nei de eastkant gnuve, je seagen dêr hoe’t de grinssoldaten oan de eastkant mei sjitark, fierrekikers en hardershûnen de boel yn ‘e gaten holden. Goed dat dêr doe in ein oan kaam. Mar bûkelje wy no yn wêzen net wer dy kant op, mei tanimmende grinskontrôles en hege stekken, al of net mei skearmeskes en heechspanning?
Grif witte jo ek noch wol wêr’t jo wiene doe’t op 9 /11 2001 de twa fleantugen de Twintowers oan flarden fleagen. Wy soene nei skoaltiid mei al it personiel krekt begjinne oan in gearkomste mei de skoallebegeliedingstsjinst oer rekkenjen – of faaks ek wol Iêzen want dat moast doe ek al oars, it krekte probleem dat wy by de kop ha soene wol my net rjocht mear yn it sin komme – mar oft dy gearkomste doe in soad opsmiten hat, ik tink it earlik sein net. Wy ha earst in moai skoft mei-inoar nei dy grouwélige bylden sitten te sjen, eins koene wy ús eagen net leauwe, mar AI wie doe sa fier noch net, it moast wol wier wêze.
En wêr wiene jo op de lette jûn fan 6 novimber 2024. Sieten jo noch noflik op ’e bank mei de telefyzje út? Gjin radio oan mei ‘Met het oog op morgen‘ derfoar, gjin socials op ‘e ipad? De krante al út en ûnder yn de skjinne kattebak as fochtfanger? De kleden stiif ticht mei mar in inkeld lêslampke oan yn ‘e keamer. In nijsgjirrich boek op ‘e skurte dat hjoed faaks noch wol út koe. De bûtenwrâld in moai ein op ôfstân? As dat sa wie, kaam de klap wol aardich hurd oan de oare moarns, tink. De farske kranten lieten it noch moai yn ’ e midden; by it printsjen koe it noch hieltyd beide kanten op tûmelje. Mar de werklikheid liet der gjin ûndúdlikheid oer bestean, it lilke Amerikaanske folk hie keazen: Donald J.T., is president elect. Hy sil begjin 2025 de 47e presidint fan de USA wurde. De earste presidint mei in strafblêd, in krimineel. In ‘moai’ foarbyld. En wat sil er Amearika Great Again meitsje …
Wurdt 6 novimber 2024 no ek sa’n datum dy’t elkenien bybliuwt, of krekt ien om mar gau te ferjitten?

1 reaksjes op “Dingen dy’t bybliuwe

  1. Litte we it hoopje. Mei ynkoarten trije kriminele wrâldlieders mei Wilders as grut fan fan de lêste wurdt it de net fleuriger op …

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *