Ferslach Fedde Schurerlêzing 2024: De Friezen en harren ferhalen

logo.ensafh

De Fedde Schurerlêzing
Fedde Schurer (1898-1968) wie in Frysk dichter en sjoernalist. Dêrneist siet er yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Jierrenlang wie Schurer haadredakteur fan de Friese Koerier; syn stilistysk briljante en skerpe artikels wiene bekend yn en bûten Fryslân.
Sûnt 2010 organisearret de (Ried fan de) Fryske Beweging jierliks yn gearwurking mei Tresoar, de Fryske Akademy en de Ljouwerter Krante in grut opsette lêzing ta neitins oan Fedde Schurer.
Yn syn libben en syn wurk mijde Fedde Schurer de paradoks net. Sterker noch: dizze dichtsjende politikus, aktivistyske pasifist en yntellektueel fan beskieden komôf ferienige frijwat utersten yn him. Dat lêste hat er mien mei Fryslân, de provinsje dêr’t er berne waard en dêr’t er foar op de barrikaden gie. Dat makket nijsgjirrich nei de wize wêrop’t Fedde Schurer sjoen hawwe soe nei de Friezen fan hjoed en de opjeften dêr’t dy foar steane.
Hjoed is by Tresoar yn Ljouwert de Fedde Schurerlêzing 2024. Durkje en ik binne derby. It tema fan dizze lêzing is dit jier: ‘De Friezen en harren ferhalen’.
Flip van Doorn en Sietske Poepjes jouwe hjoed beide in lêzing oer de Friezen en harren ferhalen; oer de ivige paradoks.
Muzikant Piter Wilkens fersoarget de muzikale yntermezzo’s.
Tresoar-directeur Arjen Dijkstra hjit alle minsken yn in folle seal hertlik wolkom, op dizze 73e jierdei nei Kneppelfreed. Dan yntrodusearret er de trije kultuerdragers dy’t harren hjoed presentearje: Flip van Doorn, Piter Wilkens en Sietske Poepjes.

Lês en sjoch fierder by Wiep Koehoorn

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *