
Al yn gjin 20 jier hie ik by de Ikea west en no wie it sa fier. Heden hitskes, wat in winkel. Jo moatte net klaustrofobysk wêze om dêr wat keapje te wollen. Ast der ien kear yn bist, bist der fuort net wer út. Myn leave húsgenoat koe hjir syn hert mar ophelje. Hy is de man fan ‘handige dinkjes’. Eachjes dêr’t stikkene bledsjes yn ’e aginda mei reparearre wurde kinne, dûbelsidich plakbân, jierpelskylmeskes mei in punt foar de eagen. Kerse-ûntpitters, leppel om gêst ôf te weagen. Ik neamde him de dinkjesman. Dat doch ik no net mear. Ik ha ûnderwilens wol ûnderfûn hoe noflik it is dat hy foar alle húshâldlike tûkelteammen in ‘handich dinkje’ hat.
Fierder de winkel yn. In grutte bak mei allegear roltsjes mei in hânfet. ‘Dat is in apparaat om dy roltsjes fan dyn wollen fest ôf te heljen,’ sei myn freon begearich. En lei twa yn ’e karre. Foar boppe en ûnder.
Ynienen moast ik weromtinke oan Ter Meulen Post! Lang lyn krigest in magazine fan dat postoarderbedriuw op ’e matte en dêr stiene allegear handichheidsjes yn. De nuverste dingen koest bestelle. In bh-slutingferlinging, in strikdasrjochthâlder, in knoop-knoopsgatferbining foar as de broek net mear past, in gehakballefoarm, ferstelbere spiker, grutte tean-rjochtlûker, plestyk reinkapkes, en de weareld oan handige meskes, raspen, skaven.
Ik bestelde gauris wat dat my handich talike. Op in formulier. It waard krekt as no, thús besoarge. Dan waard it ien kear brûkt en bleau it lizzen yn in rommellaadsje dat hieltyd foller waard. Hawar, nei ferrin fan tiid hie ik mei ‘handige dinkjes’ ôfdien.
Eefkes fierder fûn myn oare helte in oar dinkje. ‘In aaisplitser!’ rôp er entûsjast en lei fuort twa yn ’e karre. ‘Dy moat ik brûke om ferve te meitsjen en do hast dat ding mei de ferhuzing fuortsmiten!’ Beledige hold ik my stil en doe wiisde de skat leaf nei boppen, dêr wie kofje mei in broadsje te heljen. De karre kaam yn de handige roltreppen foar winkelkarren en wy dernjonken nei boppen ta. Weromreis wie dyselde handige treppen stikken. Dan mar mei de lift. Enoarme files dêr fansels.
Einlings ûnder seagen wy matsjes mei krystmannen derop, plestyk pûden dy’t om de skuon kinne as it reint, oranje rommel foar Halloween. En ja, op it lêst komst út by de doazen, rigen planken foar kasten, tafels, ensfh. In déjà vu. Hjir ha wy lang lyn in kast weihelle om dy thús ynelkoar te setten. Nei in jûn mei in flokkende, oars sa evenredige, man, stie der in kast, alhiel út it lead en in man yn totale ferbjustering.
Ik woe der wol út. Mei in karre fol ûnnoazele dingen rûnen wy nei de kassa ta. Ek dêr files fan hjir oant Sweden ta. ‘Huh?’ Rôp J. ‘Wêr binne de kassa’s?’ Hy seach om him hinne. ‘Der binne gjin kassa’s!’ ‘Hoe bedoelst,’ frege ik ûnnoazel. Wy giene efter in jongbaas stean. Hy stie as in hynder yn sliepstân tsjin in steapel kisten oan. ‘Ja kom der mar gesellich by,’ sei er. ‘Sjoch, dêr stean twa froulju te sjen hoe’t wy harren wurk dogge.’ Ik wist earst net wêr’t hy it oer hie. En ja, doe seach ik it. Der wiene yndied hielendal gjin kassa’s en de klanten moasten harren oankeapen sels oanslaan op in nij apparaat. ‘Sille wy koarting freegje,’ sei de jongbaas gnizend, ‘omdat wy it wurk dogge dat dy twa froulju eins dwaan moatte?’
De files waarden langer en langer. En de minsken stiene te wrakseljen mei it scannen en beteljen. De twa froulju holpen dêr’t se mar koene. De jongbaas seach my oan. ‘Jo binne âld, kinne jo jo der wol mei rêde?’ ‘Ik wol,’ sei ik, ‘mar ik kin my yntinke dat net elke âldere sokke nijmoadrichheden oan kin. En him hjir ek net mear sa thúsfielt. No ja, jou my ek mar in gesellich frommes mei in praatsje efter de kassa.’
‘Mar jo binne moai âld, haha,’ lake de jongbaas. ‘Jo ha ek grif in moaie dochter? Dan wol ik wol in date!’
‘Jawis, rakkert,’ sei ik. ‘Ik ha in moaie dochter. En wat ek moai is, se hat in leuke man.’
‘Jout neat,’ sei de dogeneat, ‘ik bin leuker! Jou har telefoannûmer mar!’ Ik wie wol wizer om dat te jaan. Myn oare helte wie noch wizer en stie te scannen.
De jongbaas wie ek klear en rôp nei de twa froulju fan it tafersjoch: ‘Kassa’s binne handige dinkjes! Freegje jim baas der mar om. Dan ha jim ek wer wat te dwaan!’ Hy drafke ús foarby: ‘Groetnis oan jo dochter!’
‘Fan wa dat?’ woe ik witte. ‘Fan Bram!’ rôp er en dûnse fleurich op syn wite sneakers de winkel út.
Weer een heerlijk verhaal Giny!
Genoten!
Hy wie wer kostelik moai Giny , sa jammer dat er út wie !!!
Wat een mooi verhaal en dat in een Ikea winkel

Leuk geel gerkenbaar verhaal Giny!!
Wat in moaie reaksjes! Tankewol!
Heerlijk, hoe bedenk je het. Een dagje winkelen bij Ikea is nu nooit meer hetzelfde. Wat een kunstwerkje. Bedankt!!
Hi Gini, zoal gewoonlijk weer een schitterend verhaal. Ga zo door
Hey Giny
Wat hast dyn “skriuwerspintsje” wer oer ‘t willige papier dûnsje litten.
Ik seach dy en dyn húsgenoat troch IKEA strune, sneupend nei “Handige dinkjes”, om dy de bûsen út te skuorjen!!!
Ut alles wat jim dêr sjoen en meimakke hawwe is dit kostlike ferhaal berne, práchtich!!!!
Ik sjoch üt nei dyn folgjende kreaasje!!!
Wat wer in hearlike reaksjes! Bliid mei!