Teleks: Janneke Heslinga wint ferhalewedstriid BoekFloedBoek

logo.ensafh

Janneke Heslinga hat de ferhalewedstriid by de proazajûn BoekFloedBoek yn Herbergh Het Wapen van Friesland wûn. Har ferhaal ‘Wachtsje op…’ waard troch sjueryleden Gabrielle Terpstra en Martsje de Jong priizge om de orizjinaliteit en de kwaliteit. ‘It ferhaal is echt ôf en tige soarchfâldich skreaun. Hiel knap,’ sa fynt de sjuery.
Heslinga stjoerde ferline jier foar it earst in ferhaal yn en ûntwikkelt har talint ûnder lieding fan Jetske Bilker op de skriuwersfakskoalle. Earder dit jier waarden ek al ferhalen fan har publisearre yn it Literêr Tydskrift Ensafh.

De ferhalewedstriid en ferhalejûn BoekFloedBoek waard organisearre troch Martsje de Jong yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *