
Gabrielle kocht by Explore The North Waar Iemand Woont, de debútbondel fan Richard Nobbe. Se lêst in gedicht foar en besprekt mei Arjan de opfallende en keunstsinnige kanten fan ’e bondel.
Se kocht ek paddo’s yn Nije Lije en leit oan Arjan út wat Nije Lije eins is. Sels poddestuolllen sykje fynt se wat te spannend, dus lit se dat leaver oan de kenners oer.
Wy dûke fierder de poëzij yn mei de Zinnenfabriek, de gesellige gedichtewinkel fan Marrit Jellema. Sawol Gabrielle as Arjan hawwe hjir gedichten skreaun. Arjan hat sels ien kocht, en lêst dy foar.
Sinterklaasgedichten meitsje? Arjan fertelt hoe’t er bern in hantsje holp – soms ûnder lichte twang – om it net rymjen ûnder de knibbel te krijen.
Gelokkich is der aanst it Poezijlab, dêr’t sawol domme bern of domme dichters leare kinne hoe’t it écht moat.
Harkje en lês fierder by de Moanne