
Op 14 novimber promovearre Lourens Visser (fan De Lemmer) yn Grins op in proefskrift oer bywurden fan graad (fuortsterkjende bywurden) yn de Aldgermaanske talen. Yn it Frysk moatte jo dan tinke oan tige, o sa, bot, in soad ensfh. Yn dit nijsgjirrige proefskrift behannelet er ek it Aldfrysk. Folslein yn line mei wat wy oars ek sjogge, feroaret it Aldfrysk ek wat de fuortsterkjende bywurden oanbelanget fan in taal dy’t yn de âldste teksten tichter by it Aldingelsk stiet yn in taal dy’t yn de rin fan de 15e iuw it Middelnederlânsk folle mear oankrûpt.
Lês fierder by Frisistyk