Lara Kool

De lêste tocht (I)

logo.ensafh

I

Krekt foar krysttiid! En wetterkâld! Hoe betinke se it!! As soe in minske fan myn jierren net iensum genôch wêze yn dizze tiid fan it jier. Ik hie hope dat it net safier komme soe, in âldereintehûs, mar no is it al sa. Doe’t wy it nijs ferline wike hearden dat der lang om let plak foar my wie, hie ik noch hope dat ik it miskien net helje soe. Wol dus, spitich genôch. Dêr stean ik. Yn in doarp dat net myn eigen is, foar it grutte, wite gebou, dêr’t ik gjinien ken, mei safolle ruten. Ruten dy’t ferblomje moatte datst wol nei bûten sjen kinst, mar dêr nea wer by hearre silst. ‘Nee, sa moatst it net sjen, mem!’ Ik hear it Famke noch sizzen. ‘Bist hjir ûnderdiel fan in mienskip, fan it doarp! Sels bern fan ’e basisskoalle komme gauris efkes del. Eltse dei is de earste dei fan de rest fan dyn libben, mem.’ Jaja, sy kin maklik prate, as ynwenner fan dit doarp, mei in fulltime baan, folop yn it libben. Se wit noch net hoe’t it fielt om âlder te wurden. De dingen hoege net mear sa nedich. It measte is dochs alris bard. Ien grutte sleur. Allinnich reedride soe dizze sleur noch wat trochbrekke kinne. Miskien.
Jierren haw ik it útstelle kinnen. Miskien omdat ik doe noch foar Gerbe soargje koe. Dat lytse swarte mantsje. Myn boarre. Dy moat no ek oan in nije omjouwing wenne, krekt as ik. Hoe sil hý it fine? Hy is ommers ek al 19! Soe er der noch oan wenne kínne? Famke hat sein dat sy him wol yn ’e hûs nimme sil, dat it wol klear komt. Famke regelet alles, no? Krekt har heit. Mânsk, rasjoneel en doelmjittich. Sy is it dy t fûn dat it net mear koe. Dy’t my op ’e wachtlist sette litten hat. Thússoarch ynskeakelje, dokter in briefke skriuwe litte, my hjirhinne bringe mei har reade, frisse autootsje. Ik bin kâld oant yn ’e bonken en soe sa graach gewoan thús mei in tekkentsje op ’e bank sitte. Mar thús is net mear.
No stean ik hjir, krekt foar krysttiid. Noch altyd bûten en noch altyd yn ’e kjeld. It waar liket bot op it waar krekt foar de krysttiid fan de winter fan ’40/’41. Dy winter waard der in Alvestêdetocht riden. Miskien is der dit jier ek wol wer in Alvestêdetocht. Dat soe wat wêze! Al sil ik dêr dan net mear oan meidwaan kinne. Alle oare kearen haw ik it wol besocht. It hat my mar ien krúske opsmiten. Allinnich dus dy fan febrewaris 1941. De kear dat ik wjukken ûnder de redens hie. Dat it sa bot fladdere yn myn búk, dat ik de kjeld net mear fielde. Dat it my net lang genôch duorje koe. Alle oare kearen hope ik dat ik him wer tsjin it liif rinne soe. Dat it lot ús wer tegearre bringe soe. Krekt as doedestiids.

Tenei mear

3 reaksjes op “De lêste tocht (I)

  1. Ta treast út myn nijste kollum (Harlinger Courant)

    De kortebaan wedstrijden, de vele toertochten met die unieke sfeer, soms met harde wind en sneeuw, Friese schaatshumor bij de “koek en zopies”, in de namiddag op een verlaten meer, omzoomd door gele rietkragen, de in het ijs weerspiegelende ondergaande zon, een sliert wilde ganzen in die alles omvattende stilte met als enige geluid het krassen van de schaatsen, zo nu en dan onderbroken door het over een groot oppervlak, verdragende gekraak van scheurvorming … Het zit onverwrikbaar in het collectieve geheugen van menige Fries. Als de meren en vaarten sterk genoeg waren telde al het andere niet meer, maar was het simpelweg leven en laten leven,
    Maar … met voldoende oog voor elkaar! Zo’n heerlijke, ouderwetse Hollandse winter … het zou ons goed doen!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *