Lara Kool

De lêste tocht (II)

logo.ensafh

II

It wie oarloch, it jier dat ik 16 jier wurden wie. It jier dêrfoar hie der ek in tocht west, mar doe wie ik te jong. No mocht ik dan einlings wol meidwaan! Ik wie sa optein! Reedride wie myn lust en myn libben. Us pake hat it my as lyts famke leard en al gau koe ik de jonges út de heechste klasse byhâlde. Lange slaggen meitsje, de earmen op ’e rêch, de holle leechmeitsje. Hearlik fûn ik it. Us heit wie der net wis fan, hear, in famke allinnich en dan sa’n lange tocht! Ik moast ek noch krekt yn spertiid op ’en paad. Oars soe ik net op ’e tiid komme. Foar my fielde it as in geweldich aventoer, mar heit siet oer de Dútsers yn. Bringe koe hy my net, de kij stienen te wachtsjen. Mar hy hie wol de fyts hielendal foar my neisjoen, dy stie al klear. Kranten hie er ek klearlein, foar ûnder de klean, om waarm te bliuwen. Ek mem libbe mei. Der lei genôch bôle foar de hiele dei en se hie yn in rap tempo ekstra wollen ûnderguod en sokken foar my breide. Tegearre hawwe se my noch útswaaid.
It wie ien grutte gaos yn Ljouwert. Folle mear minsken as ferwachte. Dy woenen fansels ek fiele as wie der neat te rêden. Dat it wer krekt sa wie as eartiids. Efkes gjin oarloch oan ’e holle. Wol waard de tocht oarsom riden diskear. It wie teiwaar, prachtich waar foar de tocht! It wie noch tsjuster doe’t wy úteinsetten. De groep waard hieltyd lytser. Guon gongen te hurd en wer oaren koenen it dochs net sa goed byhâlde. Op it lêst hienen we in groepke fan sân mei likernôch itselde tempo. Hearlik. Ik siet hielendal yn gedachten, dat ik seach in tûkje op it iis oer de holle. It like earst as soe ik sa foaroer stroffelje, mar de man neist my koe my krekt opheine. ‘Falst no al foar my?’ Hy lake. ‘Nee juh, neist dy,’ andere ik. Hy hie de moaiste gniisrimpels, dy’t ik ea sjoen hie. Syn hiele gesicht striele waarmte út, mei syn djipdonkerbrune eagen as kearn. ‘Gabe,’ sei er, doe’t er my wer losliet en syn hân tarikte. Der gie in skok troch my hinne, doe’t ús hannen elkoar rekken. Ik haw myn namme derút stammerje kinnen. We begûnen oer it deistich libben te praten. Hieltyd mear bekroep my it gefoel dat er fan Joadske komôf wêze moast. Net dat ik dêr wat op tsjin hie, mar it begrutte my sa. Der kamen mear en mear regels foar harren en dy waarden hieltyd nuverder. Op in protte plakken mochten se net iens mear komme! Gjinien wist wat de Dútsers fan ’e Alvestêdetocht fûnen en hoe ’t se dêr op reagearje soenen. Dat ik woe him der net nei freegje.
By Dokkum wienen it noch freonlikheden dy’t we dielden. Mar doe’t by Bartlehiem it iis hieltyd minder waard, waard ús sin hieltyd better. Yn en om de doarpen stienen minsken te joecheien, as fielden se ús feeststimming. Op ’e keale flakten ried Gabe foar my út, om my út de wyn de hâlden. Hy wie dan wol net sa grut, it gewante lichem en de brede skouders holden de wyn wol tsjin. Ja dy grutte hannen op ’e rêch, dy wat o-foarmige skonken, it wie in geweldich útsicht. Frjentsjer, Harns, se flitsten samar foarby. By Boalsert traktearre er my op in komke grientesop. Wat siet dat noflik, dêr yn it sintsje, yn ’e rook fan dat waarme sop, neist dizze man. Ik hie der wol oeren sitte bliuwe kinnen. De tocht koe om myn part stellen wurde. In âldere man sei dat we opsjitte moasten. ‘It is noch in hiel ein hear!’ Gabe seach my djip yn ’e eagen en sei dat it him net lang genôch duorje koe.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *