
Wat is foar ús krysttiid, en is der soks as in typysk Fryske krysttiid? Sa hiene we it der efkes oer by de lêste edysje fan it Skriuwerskafee op 12 desimber yn de Gouden Leeuw. Bûten reinich, tsjuster en wy sa noflik yn in rûnte mei in stik of tsien kollega’s. Sipke de Schiffart en ik sleepten de bank derby, faaks dat ik it dêrtroch no sa yn ’e rêch ha.
Ferline jier skreau ik yn in kollum dat der in soad Fryske krystgedichten binne, mar earlik sein falt it by neier ynsjen bot ôf. Hjir en dêr kristlike fersen, gauris stiif op rym en net al te spannend, mear yn de sfear fan opsisferskes. Fansels binne der foarbylden fan krityske, of synyske krystfersen, oer hypokrisy, famyljerûzjes en oarloch. Net in soad dêrtusken, lykwols, it is it is óf stichtlik óf soer.
Lês fierder by Goeie