
It Keninklik Frysk Genoatskip (KFG) bestiet yn 2027 200 jier. Om dat te fieren komt it mei in jubileumboek mei dêryn biografyen fan 200 Fryske froulju dy’t libbe hawwe tusken 1827 en 2027. De ôftraap wie tongersdei 19 desimber, oanslutend op in lunchlêzing troch Els Kloek yn Tresoar. Hja ynspirearre it KFG. De haadredaksje is yn hannen fan Tialda Hoogeveen. It stribjen is om it boek op 8 maart 2027, Ynternasjonale Frouljusdei, te presintearjen.
Yn it boek wurde biografyen opnommen fan 200 froulju dy’t tusken 1827 en 2027 in wichtich part fan harren libben yn Fryslân wenne hawwe of in dúdlike (famylje)bân mei Fryslân hiene. It boek wurdt twatalich. Oft in biografy yn it Frysk of it Nederlânsk opnommen wurdt, hinget ôf fan de oanbelangjende frou. De biografyen wurde ferdield oer tal fan maatskiplike tema’s. Sa wurdt de gearhing ferdúdlike en wurde frouljusmienskippen sichtber. Tresoar is út namme fan it KFG de pinfierder fan it projekt en is fan plan nei 2027 it projekt ek digitaal in plak te jaan.
Lês fierder by Goeie