
It like der earst op dat it wol in knappe dei wurde soe, alteast foar ein desimber. Mar in bytsje wyn en noch drûch ek, dat soe foarearst noch wol sa bliuwe neffens de waarapp. Wol behoarlik griis. Gjin wolkje oan ’e loft dus, mar ek gjin sinne. Tsja … kom dêr ek ris om yn sa’n winter. Yn ’e buorren wie it lykwols allegear ljocht. Fan de krystferljochting: fan wit-hoe-hege krystbeammen oan flaggemêsten, oant rindieren yn ’e foartún mei wanskepen krystmannen op sliden derefter, en iispegels en stjerren oan ’e daksgoaten. Ek yn ’e hagen of yn ’e keale kastanje- dan wol bjirkebeammen allegear ljochtsjes. En dat baarnt de hiele dei troch, 24/7. Al as net knipperjend en as it treft mei pearse, blauwe, griene en reade leds. It wurdt elk jier mâler. It mankearret der noch mar oan dat dy krystmannen om de pear minuten ‘hohoho!’ raze. Eins soe der foar soks in fergunning oanfrege wurde moatte by it gemeentlik ferljochtingsloket / ôfdieling buerthinder, want der komt in momint dat it de spuigatten út rint.
Bûtenút lei de rêst lykwols as in tekken oer it lân. It wetter wie as in spegel yn ’e sleatten, de reiden stiene der stil by as wiene se tekene op papier. Der wie sels gjin merkel om der dwers trochhinne te keffen. Fierderop yn ’e sleatswâl stie in wite reager, op syn iepenst. En noch fierder it lân yn siet in flinke keppel swannen as ferdwaalde wite stippen ferspraat oer de griene eker. Om dizze pastorale tastân net te fersteuren besocht ik myn fuotten sa hoeden mooglik del te setten by it draven, mar dat foel net ta. Dat doe’t in akster heech yn in keale beam lûd skattere op it momint dat ik ûnder him troch kaam en de rêst dêrmei dochs al ferballe, joech ik dat besykjen mar gau op. As hy leven makke, mocht ik dat ek, fûn ik.
Nei in foech kertier feroare der wat yn ’e loft. Fan it noardwesten út waard it noch grizer as dat it al wie en ik fernaam ek mear wyn. Net folle letter begûn it al wat wiet te wurden. No fyn ik dat ûnder it draven eins hielendal net slim, ferfelender is it as it al reint ast oan in duerloopke begjinne silst. Dy wiete oanslach gong al gau oer yn echte reindrippen en noch wer in skoftsje letter hiene wy de bui al te pakken. Hie it Buienalarm my dochs wer by de poat. Ik rûn mar gewoan troch, in soad kar hie ik net. Wat moat men sa’n ein fan hûs? Wiet soe ik dochs wol wurde.
De rûte gong hjoed oer in pear doarpen yn ’e omkriten. Der wie net in soad reuring yn ’e buorrens dêr. De ferljochtingsgekte wie sa mâl noch net as by ús, mar spile ek net swak by. Fierder wie der net in kop op ’e dyk. Doe’t ik de bocht troch kaam om wer op nei hûs, seach ik in ploechje manlju bealgjen oan sleuven foar it glêsfezelnetwurk. Dat wie gjin fleurich tafriel. It mantsje yn it graafmasyntsje hie it noch it bêst. Dy hie in dak boppe de holle. De oaren wiene dweiltrochwiet mei kluten fette modder oan ’e learzens. En oan ’e skeppen siet sa mooglik noch mear klaai. De mannen wiene dúdlik net fan hjirre, oan wat se rôpen, boppe it lûd fan it happerke út, wie net in tou fêst te knoopjen. Mar ik hie it idee dat hja inoar wol begriepen. It wiene grif EU17-boargers mei in leech ynkommen en in tydlik arbeidskontrakt. Ut Bulga- of Hongarije? Efkes fierder siet noch sa’n mantsje, allinnich, te skoftsjen yn it glêzen bushokje fan Qbuzz. Mei in plestikflesse plat wetter en wat broadsjeboel. Oare kant dyk stiene op ’e doarpspicknicktafel de brochjes fan ’e oare mannen te ferwurden yn ’e rein. Doe’t ik de man yn de abry groete, krige ik in flau glimke werom. Hy sil wol tocht hawwe ‘hokker healwizeling draaft hjir no frijwillich yn ’e rein om, en wy mar wrotte …’ Ik hope foar de manlju dat se oer in pear dagen feilich nei harren eigen hûs en hiem werom koene. In sigerich bushokje as herberch soe wol wat hiel skraal wêze. Sa’n tweintich minuten letter stie ik ûnder de waarme dûs. It is mâl ferdield yn ’e wrâld.