Giny Bastiaans

Twa jonges en ien Stikky

logo.ensafh

Ik woe in eintsje om. In frisse noas helje. Eefkes fierderop stie yn in foartúntsje in jonge man yn fytsklean nei de grûn te sjen. Hy hie de helm noch op, fyts oan ’e hân. ‘Bist wat kwyt?’ frege ik.
Hy kaam oerein, die de helm ôf, helle in hân troch syn krolhier en seach my oan. Ik koe him wol, hie him gauris troch de strjitte fytsen sjoen. Die my altyd wat oan ús J tinken. Selde wize fan fytsen ek.
‘Nee,’ sei er, ‘dat net. Mar der leit hjir in swarte kat.’
‘Wat is der mei dy kat? Oanriden?’ frege ik.
Hy sette syn fyts del en beseach de kat nochris en sei: ‘Nee, dat leau ik net! No ja, ik ha gjin ferstân fan oanriden katten, dus ik wit it net.’
‘En dy kat is net fan dy,’ woe ik witte.
‘Nee, gelokkich net,’ suchte de jongbaas. ‘Mar … dit is ek net sa moai. Neffens my is it de kat fan ien fan dy jonges fan de oare kant dyk, dy’t mei begelieding de maatskippij wer yn sille. Ik sjoch dy jonge gauris mei sa’n kat omrinnen op syn balkon. Ik leau, ik moat der mar efkes hinne om it te sizzen. Wolsto dan eefkes by poes bliuwe? Foar it gefal dat er wer ta libben komt.’
Ik beseach de kat nochris goed. In moaie swarte kat mei in grutte wite flek boppe de noas. En ik seach ek dat poes perfoarst net wer opstean soe. It begrutte my om de kat en syn baaske.
De hurdfytser tiktokte op syn fytsskuontsjes de strjitte oer nei de oare kant ta en drukte op in beltsje. Nei in skoftke gie der in doar iepen. In jonge mei in keale holle, de earms fol tattoos, bleau op ôfstân stean. Hy seach syn oerbuorman wat skean en erchtinkend oan.
De krolhier jonge sei: ‘A goeie! By my leit in kat yn ’e tún. Sjoch dêr!’ Hy wiisde en beide seagen se myn kant út. ‘Ik seach dy wolris mei sa’n kat omrinnen, dochs?’ ‘Miskien,’ sei de keale holle noartsk. ‘Dy kat sjocht der net sa goed út,’ sei de hurdfytser foarsichtich.
It bleau stil. ‘Ik siet te iten,’ sei de tattoo jonge en gie it hûs wer yn, ‘eefkes dien meitsje.’ De hurdfytser stuts de hannen omheech en kaam myn kant wer út. Ynienen kaam dochs syn oerbuorman wer yn it sicht. Stikje bôle yn ’e hân.
Hy knibbele by de kat del en gie der ticht tsjinoan lizzen. De bôle foel yn de hortinsje dernjonken. ‘Leave Stikky, myn leave Stikky.’ Hy snikte it út.
‘Ik ha wol in skuondoaze,’ sei de hurdfytser. ‘Sil ik dy helje dan kin poes dêryn.’
Mei de triennen op de wangen lei de tattoojonge syn kat eefkes letter foarsichtich yn ’e doaze.
‘En hoe wolst it fierder ha?’ frege syn oerbuorman. ‘Do hast gjin tún.’
‘Ik wit it net. Ik wit it net.’
‘Witst wat?’ sei de hurdfytser. ‘Nim do earst dyn Stikky mar mei. En ast deroan ta bist komst mar. Dan begrave we dyn kat hjir yn ’e tún.’
Se seagen inoar oan. De twa buormannen, dy’t inoar noch net iens by namme koene.
Ik makke myn kuier ôf.
In wike letter kaam ik dêr wer del. Der lei in moai rûne stien by de hurdfytser yn ’e tún. ‘Stikky, fan Sven’ stie derop skreaun.

Giny Bastiaans

4 reaksjes op “Twa jonges en ien Stikky

  1. Wat leaf om dy kat yn e tún te begraven en wat in bysûndere namne foar dy kat! Moai keave Gkny

  2. Lief verhaal met mooie afloop hoe het ook kan in onze maatschappij. En gelukkig gebeuren zulke dingen ook gewoon en dat is opbeurend!!

  3. Weer een schitterend verhaal Giny, droevig maar zo uit het leven gegrepen.
    KUNST zoals jij het op papier weet te zetten!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *