Anne Feddema

It is wat!

logo.ensafh

Lokkich nijjier, lêzers. Sûnens en leafde winske foar de tiid dy’t der noch foar jo reservearre is op dizze wrâld, want tsjintwurdich kinne je der perfoarst net wis fan wêze oft je der moarn noch binne. No is der neat nijs ûnder de sinne fansels, je kinne samar op ien of oar momint dea delfalle. Sykte, ûngelokken ensfh., folje mar yn, top trije fan dea yn Nederlân … hoppetee, op ’e bulte fan statistyske listjes by de top 2000. Noch in lêste, kremearre oaljekoek en by eintsjebeslút … oant nea wer.
As dat net in fleurich begjin fan 2025 is? Steatslotterij, Freonelotterij? Nije miljonêr? Toppyjoppy, lit de sjampykuorken knalle, soe ik sizze. Mar wat no, as bliken docht dat je winner binne yn ’e LOTTERIJ FAN ’E DEA? En dat lot hat dy keazen. Rinst oer strjitte, dyn tinzen binne oeral en nearne, dan, hookstrooks, in kûgel yn dy oardel kilo harsens en klear is Kees, of hokker namme ast dan ek hawwe meist. De dea docht net moeilik. Hy – hja, it – is net fan eksklúzje.
Ik stel my dus foar dat ik it bin waans harsens op strjitte lizze. Dy wurdgrap dy’t ik, monolooch ynterieur, krekt foar it nekskot noch makke, krijt it swiete antwurdglimkjen net iens mear mei.
Gjin tiid om ferheard om dy hinne te sjen, it hâldt gewoanwei allegearre foar dy op en begjint dan foar de neibesteanden: de ferbjustering, it fertriet, it besykjen om te begripen watst net begripe kinst ek al kenst de motiven fan in al of net spikergekke dieder.
Sa no en dan moatte je ek ris skriuwe oer saken dêr’t je yn ’e kearn neat fan begripe … of, wêrom? Of wêrom net? Itselde is … in kûgel, bom, of de ûnbidich, grutte tsjillen fan in Sport Utility Vehicule.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *