Jemke Visser

Eartiids wie alles better?

logo.ensafh

Dêr ha ik noait folle mei hân. Mar de lêste tiid bekrûpt my wolris it gefoel dat der njonkenlytsen hieltyd mear is wêrby’t dat wol sa is. Nim no de ôfrûne âldjiersnacht, yn ’e goedichheid, wêr binne we yn belâne? Mar likegoed, wat hiene wy eartiids sels dien as it sa maklik wie om oan sok lûd fjoerwurk te kommen?
Wy diene it mei karbid yn ferveblikjes, mei in gatsje yn ’e boaiem. Even wat flibe op ’e karbidbrokjes … sssss … deksel der stevich op, blikje op ’e grûn, foet derop, lúsjefers of oanstekker foar it gatsje en pang, dêr rôle it dekseltsje mei in knaltsje – in knal koene je it amper neame – oer de strjitte.
De gruttere, stoerdere jonges diene dat better, op in kampke lân mei molkbussen.
Fansels giene wy dêr ek hinne, jonge noch ta, dat wiene nochris knallen! ‘Hjir wei, net sa tichteby,’ rôpen de grutte jonges dan, ‘ast teminsten gjin deksel tsjin ’e harsens krije wolst …’ Want dat gisele soms in ûnferwachte kant op.
‘Dogge jimme wol foarsichtich,’ warskôge mem en kaam wer mei it ferhaal dat it deksel fan in roastige molkbus sa fêst siet, dat yn stee fan it deksel de boaiem derút knalde. En jawis, tsjin immen oan, dy’t dêrtroch slim ferwûne yn it sikehûs bedarre. Dus doe ek al, mar wol by hege útsûndering.
Folwoeksenen soene better witte moatte, mar binne al dy jonges – famkes dogge der sa’t it skynt amper oan mei – tsjintwurdich sokke freeslike rotsekken, sûnder ek mar in bytsje ferantwurdlikens?
Nee, fansels net, as wy wat úthellen … As je de gelegenheid krigen en der wie neat en nimmen om dat tsjin te hâlden, koe it maklik út ’e hân rinne. Soms hie dat ek noch wol wat, hoe healwizer, hoe moaier.
Mar adekwaat tsjingas, om yn termen fan eksploazjes te bliuwen, dêr ûntbrekt it no wol oan. Sit ’m dêr net de kneep?
Yn myn jongesjierren wie der rûnom folwoeksen gesach. We hellen it net yn ’e holle om dy aardige doarpsplysje, dêr’t wy it nedige respekt foar hiene, mei fjoerwurk te bekûgeljen. Sadree’t dy him der mei bemuoide, joegen we beskamme belies, benammen doe’t er dúdlik útlei dat it kant noch wâl rekke om by âldere minsken fuotsikers yn ’e tún te goaien.
It heucht my noch hoe’t wy mei ús fjouweren in dei as wat letter op it plysjeburo komme moasten. Wy krigen der flink fan lâns. Jawis, djip skamje moasten wy ús. De plysje sei it ek net te begripen, ‘Jimme binne ommers bêste jonges, kinne goed fuotbalje. Doch dat, yn pleats fan âlde minsken te pleagjen!’ It makke yndruk. Skuldbewust, wat mei de fuotten hin en wer skeuveljend, de holle foardel, knikten wy mar wat.
Nostalgy, it ferline romantisearje? Ik bin hjoed-de-dei earlik sein it spoar wol wat bjuster. Lju dy’t einliks it goeie foarbyld jaan moatte, sa as bygelyks de lieder fan de grutste politike partij, wolle ús in moreel kompas oanprate, dat feitlik nearne op slacht. Ferbjusterjend dat ek noch mannichien dêryn meigiet.
Hat Wilders oait mei in ferveblikje oan karbidsjitten dien? Ik ha begrepen dat hy mei in ‘fijne’ jeugd en de nedige kweajongesstreken dat bêst wol dwaan kind hie. Wêrom dan sa rankuneus, tinke je dan.
En hat er dan noait mei freonen gesellich op in terras sitten mei in bierke of in tintsje op in camping opset? Of is er dat fergetten? Dat oerkaam sommigen fansels eartiids ek wol, mar dy krigen net safolle meistanners.
Oan ’e oare kant, der bliuwt genôch wat no wol in stik nofliker is. Nim allinne mar it húske mei tonne efterhûs. Yn waar en wyn mei in stoarmlantearntsje bûtenom, winters mei in krúk yn in sok tusken ferskriklik kâlde lekkens, heit moarns op hannen en knibbels om al blazend de koalekachel oan te krijen, mei tsjokke iisblommen op ’e ruten …
Dat leed bliuwt ús no besparre, mar je hawwe nettsjinsteande alle foarútgong wolris in stikeme langst dêrnei. Benammen omdat, sa te sjen, it fermogen om fan alle nije segeningen te genietsjen, gauris ûntbrekt en dêrfoar yn ’t plak allerhande nuvere tinkbylden ûntstean.
Hiele kloften rinne ferweesd efter ferkearde lieders oan, dy’t gouden bergen belove, mar yn wêzen allinne op eigen belang en macht út binne en ús foarhâlde guon ymmigranten foaral net te fertrouwen, want dy doge hiel faak net.
Sa ferskynde yn Amerika op X de tweet ‘Enough is enough’ nei oanlieding fan de Arabyske namme fan de 42 jierrige eks-militêr dy’t yn New Orleans dea en ferdjer saaide.
Trije kear riede wa’t dy pleatst hie. Soks bart noch altyd. Lokkich is der genôch wat wol better is as eartiids, mar bliuwt dat sa mei Trump, Musk en no ek Zuckerberg? Yn elts gefal winskje ik elkenien in nei jier mei folle lok en seine!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *