Teleks: Stjoer in fers op oer it tema ‘Taal’

logo.ensafh

Frysk en Frij sil yn 2025 in sammeldichtbondel útjaan mei lyryk oer it tema Taal.
Oarspronklike fersen dy’t net earder publiseard binne en gjin oersettingen fan oaren.
De ynlieding wurdt fersoarge troch Tsead Bruinja, dy’t it earste eksimplaar yn hannen stelle sil fan Arno A.M. Brok, Kommissaris fan ’e Koaning yn Fryslân.

Dat tema Taal is nochal breed – gelukkich. Sa kinne je út ’e romte tarre.
Foar guon dy’t ferlet ha fan ôfbeakening fan dat universum hjir wat suggestjes, in hap en in snap:
Memmetaal, Oarlochstaal, Minnetaal, Minne taal, Fertutearze taal, Broddeltaal, Brabbeltaal, Diskriminearende taal, Machtstaal, Wurdboektaal, Sprektaal, Taalkramtried, of noch slimmer: Stikeltriedtaal, Minderheidstaal, Bernetaal, Tongetaal, Sjongtaal, Geheimtaal, Lichemstaal, Freugdetaal, Foarâldertaal, Hillige Taal – Fredetaal.
Mear ideeën? Lit it ús witte.

Sjoch foar mear ynformaasje by Frysk en Frij

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *