Giny Bastiaans

In koekoek yn ’e stêd

logo.ensafh

Ferhúzje is in spannend aventoer. Benammen fan in doarp nei de stêd, wat ik die. Do begjinst der oan, mar witst net hoe’t it fiele sil. Ik bin grut wurden yn ’e stêd en ha twa jier yn in metropoal wenne. Yn it doarp ha ik krapoan in heal libben wenne. Dat hat foardielen en neidielen.

Dyn rêchpûde wurdt yn ’e rin fan ’e jierren fuld mei moai en minder moai. Yn in doarp hoechst mar ien tsjin te kommen dêr’tst efkes in praatsje mei dochst oer it waar of soks, om tagelyk te witten dat sy of hy de ynhâld fan dyn rêchpûde ken, fan it gelok en de tsjinslach, sûnder it der altyd oer te hawwen. En oarsom is dat ek sa.

Se kenne dyn bern en dêr wurdt nei frege. En ik freegje dan hoe’t it mei de sike oare helte is. Der wurdt frege oftst ek witst hoe’t it mei Tryntsje is. En oft Hieke al in nije heup krigen hat. Do giest te kondolearen by eltse doarpsgenoat dy’t stoarn is. Makkest in liet foar in trouwerij of foar ien dy’t 50, 60, 70, of 80 wurden is. Of 50 jier troud is.

Do sjochst bern grut wurden en ek wer bern krijen.

Eltse maitiid yn it doarp stie ik te wrotten yn ’e tún. Om de swarte grûn, de keale tûken wer yn ’e bloei te krijen. En altyd wer strúnde in readboarstke om my hinne. Seach ik de blokfinkjes op en del fleanen, de klyster omfladderjen yn it fûgelbadsje en de moskjes badderjen yn it sân. In húshâlding katûlen seach út de âlde kastanjebeam wei ta.

Eltse maitiid wachte ik hoopfol op it roppen fan de earste ljipkes en it lûd fan ’e koekoek. De lêste jierren hearde ik dy net mear. Gjin ljippen en gjin koekoek. En die ik net mear mei oan ’e fûgeltelling om’t it alle jierren minder waard.

Doe’t yn de earste âldjiersnacht yn koroanatiid in buorjonge mei in ploechje by ús yn ’e strjitte feestfierde, wylst wy mei net mear as twa minsken byelkoar wêze mochten en ik nei bûten gie om te freegjen wêr’t se yn ’e goedichheid mei dwaande wienen, krige ik in ordinêre skelpartij oer my hinne. En in fjoerwurkbom tsjin it rút, fan nota bene de jonge dy’t ik doe’t er gûlpoppe wie in pear wike middeis opfongen hie. En dêr’t ik fan hold as fan myn eigen bern. It wie it begjin fan in hiel oare sfear yn it doarp. It wie klear.

Ik begûn in nij libben. Werom nei de stêd.

In nuver gefoel, om hjir anonym troch de strjitten te rinnen. Dat hat as foardiel dat ik op myn earste kuiers moai trochrinne koe. As in ûnbeskreaun blêd. Foar hast eltsenien hjir wie myn rêchpûde noch leech. It die letter bliken dat hjir genôch aardige minsken wenje, mar earst fielde ik my as doarpsminske, natuerminske, in frjemde fûgel, in koekoek yn ’e stêd.

Myn freondinnen en freonen yn it doarp sjoch ik fansels noch wol, mar ik bin gjin part mear fan it deistich libben yn it doarp. Dat rôp somtiden ûnwennigens op. Ûnwennich fan de minsken dy’t ik in heal libben koe. Dêr’t ik in bakje kofje helle. De soargen en feesten mei dielde. Dy’t ek fakernôch delkamen en dat der dan ek samar wer in moaie aktiviteit foar it doarp ûntstie.

Mar wûnder boppe wûnder kaam ik hjir al gau eardere skoalgenoaten en eardere kollega’s tsjin. Kamen de ferhalen út dy tiid en waard ik wer it famke mei de famkesnamme Regientje. Hoe moai is dat?

Myn broers en susters, dêr’t ik no tichtby wenje, dogge dêr noch in skepke boppe-op mei ferhalen oer ús bernejierren en ja hear, ik sit der middenyn, yn myn bernelân. Fuortdaliks rûn my ek myn âlde stedstaal ta de mûle út. It bekket sa noflik as wat. En it wurdt hieltyd platter.

Stadichoan komme der moaie nije dingen by yn myn âlde rêchpûde.

Út in stedshûs wei meitsje ik no myn kuiers oer it natuerpaad en kom mei nije ideeën en moetings wer thús yn waarme earms. En hie ik it earste jier tocht dat ik de fûgels hjir wol bot misse soe? De spjocht, de finken, de graupiper en de klyster, en ek de katûlen ha my fûn.

En yn de earste maitiid hjir yn ’e stêd hearde ik op in moarn it lûd fan de koekoek. Net te leauwen sa moai wie dat.

Ek in koekoek kin him thús fiele yn ’e stêd.

 

8 reaksjes op “In koekoek yn ’e stêd

  1. Wat in moai ferhaal Giny, it doht my suver wat, mar ik siet der ek net oer ien datsto dy net thús fiele soest yn de Earrebarreleane yn de stêd!!

  2. Geart Bos on 22 februari 2025 om 18:31 sei:
    Wat in moai ferhaal Giny, it docht my suver wat, mar ik siet der ek net oer yn datsto dy net thús fiele soest yn de Earrebarreleane yn de stêd!! (Te gau ferstjoerd)

  3. Regientje,
    Wat een gezellig en soms ontroerend verhaal !
    Bedankt en groeten aan de “waarme earms!

    wieb
    Lytsegeast

  4. Wer een moai ferhaal Giny. Fijn dat je geen heimwee hebt naar de Lytse Geast.
    Groetnis van een stadsmens ☺️ Tineke

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *